Henk Kroes fiert aksje foar Nijkleaster

14 mrt 2020 - 16:01

Under de namme Nijkleaster, is in groep minsken yn en om Jorwert dwaande mei de letterlike realisaasje fan in nij kleaster. In plak en mienskip foar stilte, besinning en ferbining. In histoaryske, mar fertutearze pleats oan It Westerhûs, tusken Jorwert en Hilaard, moat it nije kleastergebou wurde.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Tsjerken, oerheden en fûnsen, soargen al foar in bedrach fan 3,2 miljoen om de earste faze fan de ferbouwing mooglik te meitsjen. Oant Pinkster wurdt der noch in oanfoljende aksje fierd. Dy rjochtet him benammen op de duorsumheids-ynfestearings. Sa leit der bygelyks gjin gaslieding nei de pleats en dy lizze jo hjoed-de-dei fansels ek net mear oan. Foar sinnepanielen, mar ek foar skjin- en smoarchwetterfoarsjennings moat ekstra jild komme.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Henk Kroes is de saneamde 'bou-pastor' fan Nijkleaster en motor fan de aksje 'Help ons de drempel over'. Hy hopet dat de aksje twa ton opsmite sil. Yn Buro de Vries is snein in lange reportaazje te hearren wêryn Kroes ek oer syn persoanlik belutsenheid fertelt om him hjir sa foar yn te setten.

Henk Kroes Nijkleaster

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)
(advertinsje)