Syktocht mei sonarboat nei spoaren misdriuw Koarnjum

Frijwilligers fan SAR Nederland binne by Koarnjum mei in sonarboat oan it sykjen nei spoaren dy't wat sizze kinne oer it misdriuw en de dea fan Karin Grijpstra. De frijwilligers fan it Search and Rescue-team wurde oer it hiele lân ynset by fermissingen.
Syktocht mei sonarboat nei spoaren misdriuw Koarnjum
Tongersdei en freed waard de sleat en in grut gebiet om it fynplak hinne ek al ûndersocht troch de plysje en frijwilligers fan it 'Veteranen Search Team'. By dizze aksje waarden in pear persoanlike besittingen oantroffen fan Grijpstra.
Karin Grijpstra waard op 23 febrewaris dea fûn yn de sleat, yn de omjouwing fan har hûs yn Koarnjum. Se is nei alle gedachten om it libben brocht. Der binne oant no ta 46 tips binnenkaam yn ferbân mei har dea.