Mediabedriuw Geocast krijt mear oanfragen foar livestreams troch corona

14 mrt 2020 - 12:46

Foar in soad ûndernimmingen wurdt it dreech om genôch wurk te hâlden, no't it coronafirus alles stil leit. Dochs wurket de situaasje foar it Ljouwerter mediabedriuw Geocast krekt foardielich. It bedriuw krijt hieltyd mear oanfragen fan organisaasjes en bedriuwen om eveneminten fia in livestream of mei fideoferbiningen út te stjoeren.

In kamera - Foto: Shutterstock.com

Mei harren livestreams en fideo's kin Geocast ferbiningen lizze tusken it plak dêr't in evenemint plakfynt en it publyk. Om't in soad saken net langer trochgeane, sykje in soad organisaasjes en bedriuwen no de oplossing by in mediabedriuw as Geocast.

Live útstjoere

"It begûn eins ôfrûne moandei al: doe wiene der de earste bedriuwen dy't in bytsje foarútseagen", seit eigener Wimer Algera. "Sy woene sjen: wat foar alternativen binne der?"

Mei livestreams en fideoferbiningen soarget Geocast derfoar dat tal fan eveneminten noch wol online trochgean kinne. "Minsken kinne by ús lânskomme, mar we kinne eventueel ek op lokaasje lânskomme", leit Algera út. "Dan nimme we kamera's en mikrofoans mei, en stjoere we it live út." Boppedat wurket Geocast mei webinars: yn dizze útstjoeringen kinne minsken live fragen stelle.

Mear produksjes efterinoar

Algera ferwachtet dat it tal oanfragen kommende tiid tanimme sil. Dan sil hy de útstjoeringen earder yn syn studio opnimme. "Sa kinne wy mear produksjes efterinoar dwaan", seit Algera.

Eigener Wimer Algera fan Geocast yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)