Trije fertochten oanhâlden foar sjitpartij op auto yn Ljouwert

Der binne yntusken trije fertochten oanhâlden yn ferbân mei it sjitynsidint yn de Auke Stellingwerfstrjitte yn Ljouwert freedtejûn. Der waard in auto mei meardere kûgels besketten. Neffens de plysje giet it nei alle gedachten om problemen yn de relasjonele sfear.
Trije fertochten oanhâlden
Der binne gjin minsken ferwûne rekke. Freedtejûn waard al ien persoan oanhâlden. De resjerzje docht noch ûndersyk. De plysje komt graach yn kontakt mei minsken dy't bylden ha fan it sjitinsidint of wat sjoen ha.