Gjin nije coronagefallen yn Fryslân

14 mrt 2020 - 12:03

Der binne gjin nije gefallen fan coronapasjinten fêststeld yn Fryslân. Dat hat GGD Fryslân sneon bekend makke. Yn totaal leit it tal Friezen dat it coronafirus hat noch altyd op njoggen.

Foto: Shutterstock

Twa fan dy njoggen gefallen waarden freed bekend: in frou út Drachten en in meiwurker fan sikehûs Tjongerskâns út De Jouwer. De earste coronagefallen yn Fryslân waarden tiisdei fêststeld, dat gong om in stel fan yn de 50 út De Gordyk.

De kaart mei alle gefallen yn Fryslân (bywurke oant en mei sneon 12.00 oere):

Nettsjinsteande dat er gjin nije besmettingen binne, is it noch altyd drok by GGD Fryslân. "Het geeft ons een beetje ademrust, we hoeven geen contactonderzoek te doen, maar het werk blijft wel doorgaan", seit wurdfierder Monica Wong. "Telefoontjes en vragen blijven binnenkomen, dus we hebben het nog steeds heel druk." Der wurdt ek ekstra personiel ynset.

Wurdfierder Monica Wong fan de GGD

Sjoch foar al it nijs oer it coronafirus op ús dossierpagina. It lêste nijs is te lêzen yn ús liveblog.

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)