Bousema bliid dat Fryslân ek reinbôgeprovinsje wurdt: "De leafde hat wûn"

Telefyzjepresintator Sipke Jan Bousema is tige bliid dat it CDA no ek 'om' is yn de diskusje oer de reinbôgeflagge yn Fryslân. No kin ús provinsje as lêste fan Nederlân it symboal fan solidariteit mei de homomienskip wapperje litte. Bousema fierde in kampanje om de Fryske politike partijen te oertsjûgjen fan de needsaak fan de reinbôgeflagge.
© Shutterstock
CDA-fraksjefoarsitter Johan Tjalsma sei freedtejûn yn It Polytburo dat syn partij nei lang diskusjearjen de flagge no dochs wol ha wol by it Provinsjehûs. Earder fan 'e wike gienen de FNP en 50Plus dermei akkoart. In mearderheid yn Provinsjale Steaten is no foar Fryslân as reinbôgeprovinsje.
"Dit binne prachtige stappen", seit Bousema. Neffens him is der noch in soad te dwaan op it mêd fan akseptaasje fan de LHBTI-mienskip yn Fryslân. Ut sifers fan meldpunt Tûmba docht bliken dat diskriminaasje allinnich mar grutter wurdt.
"Ik ha it gefoel dat ôfrûne wike de leafde wûn hat", seit Bousema. "Blykber begripe we no wat better wêrom dit belangryk is en wêrom it ek goed is om hjir mei-inoar oan te wurkjen. En dat dy reinbôgeflagge ek foar ús stiet, dy stiet foar ús Friezen. Dat moatte we ek net ferjitte. Dy reinbôgeflagge en it belied is, omdat wy wurkje wolle oan in frijer, feiliger, fertrouder en in iepen Fryslân."
Sipke Jan Bousema oer Fryslân as lêste reinbôgeprovinsje