De oarloch yn Fryske foto's: "Fier fan de minsken dêr't ik fan hâld"

14 mrt 2020 - 10:31

Yn de tiid fan de besetting binne yn Fryslân goed 23.000 minsken ûnderdûkt. Nei alle gedachten sitte dêr sa'n 3.000 Joadske minsken tusken. De besetter slút de Joadske mienskip hieltyd mear út. Feit is dat winkels sletten wurde, huzen leech komme en famyljes fermoarde wurde. Alle sneonen en sneinen tusken 7 maart en 5 april binne der by Omrop Fryslân byldferhalen te lêzen oer de Twadde Wrâldoarloch, yn it ramt fan it projekt De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's.

De famylje fan de Joadske slachter Gerson de Wilde yn Ljouwert - Foto: Historisch Centrum Leeuwarden

Gemoedlik posearret slachter Gerson de Wilde yn 1940 foar de foto, mei syn frou Schoontje Dwinger en harren seis bern Aaltje, Barend, Eva, Gretha, Roosje en Jacob. De Wilde stiet bekend as in freonlike man. Fan 1917 ôf sit hy yn in pân efter de Grutte Tsjerke en yn 1923 lit hy in nije winkel bouwe op de hoeke fan de Breedstrjitte en Bij de Put.

De slachterij bleau, de minsken net

De winkel lûkt in soad minsken en De Wilde advertearret yn de dei- en wykblêden yn de haadstêd. Mar nei maaie 1940 nimt it tal advertinsjes ôf. De oarloch hat syn wjerslach op de saak. Yn 1942 moat De Wilde syn slachterij slute. De ynboel wurdt yn beslach nommen. De leden fan de húshâlding dy't noch boppe de winkel wenje, moatte yn novimber 1942 op transport nei Westerbork en Auschwitz. De komplete ynventaris fan de winkel en de boppewenning bleau bewarre. Mar alle acht minsken op de foto hawwe de oarloch net oerlibbe.

Twangarbeiders en kriichsfinzenen yn Wesermünde - Foto: Tresoar (Fries Fotoarchief)

Sy kinne der noch om laitsje, mar it is bittere earnst. Dizze groep Nederlanners is yn 1945 op de foto set yn Wesermünde (no Bremerhaven) yn it noarden fan Dútslân. Under de manlju ek in pear Friezen. Sy binne twangarbeiders en kriichsfinzenen en moatte yn in de mynbou oan it wurk. Sy hâlde in boerd beet mei de tekst: 'Ver van allen waarvan ik heb gehouden.' Steande Johannes van der Heide, Johannes Faber en Piet Postma en folslein rjochts Nico Halma.

Louis Sanders en Froukje Polak yn Sleat - Foto: Historisch Centrum Leeuwarden

Foar it earst yn trije jier rinne Louis Sanders en syn frou Froukje Polak wer frij oer strjitte, njonken de stedsgrêft yn Sleat. It pear hie in keunsthannel oan de Ljouwerter Sint Jacobsstrjitte. Yn 1937 naam Louis de winkel fan syn âlden oer, mar op 5 novimber 1941 moast winkel ticht fan de Dútske besetter. Louis en Froukje beslute ûnder te dûken.

Skûlnammen

Yn it trouboekje dat it stel by him hat, steane de nammen Zandstra en Van der Pol. It binne skûlnammen. Yn de oarlochstiid ferhúzje sy 19 kear fan ûnderdûkadres. As de oarloch einiget, bivakkearje sy yn Sleat. Nei de befrijing iepenje se harren winkel op 'e nij. De saak is bekend yn de provinsje en bestiet noch oant 1967.

Kafee Benthem, mei yn it raam in buordsje: "Voor Joden verboden" - Foto: Pers- en Propagandadienst der PTT (Historisch Centrum Leeuwarden)

'Voor Joden verboden'

Op dizze foto fan it kafee is it suver net te sjen. Mar op it linker rút hinget in wyt buordsje mei: 'Voor Joden verboden'. Kafee Bentheim stie oan de Foarstreek yn Ljouwert. De eigener hat yn april 1941 net in soad yn te bringen tsjin de pleatsing fan it boerd. Yn Fryslân binne der mar twa hoareka-ûndernimmers dy't it oandoare om sa'n boerd net op te hingjen. It lit sjen hoe't de Joadske mienskip útsluten wurdt. Ien foar ien komme der ferbodden: foar swimbaden, bioskopen, musea, sportklups, winkels, merken, ferieningen en parken.

Rosa Landau is ûnderdûkt yn Koudum - Foto: Albums Gerhard Koopmans (Tresoar, Fries Fotoarchief)
(advertinsje)
(advertinsje)