Liveblog | 14 maart 2020

Coronanijs sneon 14 maart: Tsiende coronabesmetting yn Fryslân, fjouwer koepels slute skoallen

Yn Fryslân binne oant no ta tsien besmettingen mei it coronafirus.
Lêst bywurke: 8 april 2020, 10:23
22:46

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan dizze sneon 14 maart oer it coronafirus yn ús provinsje. Al ús nijs fine je op ús webside, www.omropfryslan.nl, en op ús mobile app. Tank foar it folgjen.
22:26

Friesland College trije dagen ticht

It Friesland College, mei meardere festigingen yn Ljouwert en It Hearrenfean, giet trije dagen ticht om it ûnderwiis safolle mooglik online yn te rochtsjen. Ek wurdt sjoen of't learlingen de kommende tiid wat betsjutte kinne yn sektoaren as de soarch en it ûnderwiis.
22:17

Húsdokterspraktyk Twizel ticht

De hûsdokterspraktyk yn Twizel is de kommende dagen ticht. "Mijn arts heeft mij daarom dringend geadviseerd om niet te werken. Ik voel me gelukkig top fit en zie dat niet zo zitten.
Om alle risico's te beperken, heb ik wel besloten om geen spreekuren meer te doen en geen visites af te leggen", sei húsdokter Renate van der Meulen.
De pasjinten kinne tillefoanysk wol fragen stelle.
21:13

Basisskoallen slute wie in "moeilijk besluit"

"Het was een moeilijk besluit, omdat we het niet helemaal met elkaar eens waren", sei Gert van Tol fan PCBO Dantumadiel nei it sluten fan de fjouwer koepels yn Noard- en East-Fryslân. "De doorslag was dat we in één gebied geen verschillende keuzes willen maken."
De koepels ûndersykje de mooglikheden foar alternatyf ûnderwiis. "We zijn naar het kijken naar de mogelijkheden om een digitale vorm van thuisonderwijs aan te bieden."
20:51

Ek ROOBOL, PCBO Dantumadiel en Noventa ticht

Neist Arlanta gean ek de basisskoallen dy't falle ûnder de stichting ROOBOL, mei trettjin basisskoallen yn Noard- en East-Fryslân (Holwert, Bûtenpost, Boelensloane, De Harkema, Koatstertille, Dokkum, Damwâld, Feanwâlden, De Westereen, Kollum, Surhústerfean en Twizelerheide), de stichting Noventa mei alve basisskoallen (Surhústerfean. Gerkeskleaster, Bûtenpost, Koatstertille, Twizel, Twizelerheide Droegeham, De Harkema, Surhuzum en Stynsgea) en de basisskoallen fan PCBO Dantumadiel (Broeksterwâld, De Westereen, Feanwâlden, Wâlterswâld, Rinsumageast en Damwâld) oant 30 maart ticht.
20:38

"Allerhoogste alarmfase" by hoareka

De coronakrisis hat fiergeande gefolgen foar Fryske hoarekabedriuwen. It reint ôfsizzings by restaurants yn de provinsje. Dat seit Corné van de Erve, foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan de Koninklijke Horeca Nederland. "Het is dramatisch, ik kan niet anders zeggen."
Neffens Van de Erve binne de problemen hiel grut. "Allerhoogste alarmfase. Alle bellen zijn gaan rinkelen. Het is dramatisch, ik kan niet anders zeggen. Ik krijg van een heleboel horeca-ondernemers door dat er 80, 90 procent minder omzet is en alleen maar annuleringen."