Kollum: "Topsport sûnder publyk"

"Money makes the world go round is in bekende útspraak. Alles liket altyd om jild te draaien. Nim no as foarbyld FOX, dat mei in izeren greep de betelle fuotballerij yn in format treaun hat. En in hiele grutte pûde mei jild brûkt om dat ôf te twingen. Is dat in goede ûntwikkeling of kinne je dêr wol wat kanttekeningen by sette?
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Witte jim wêr't Nove Mesto leit? Ik sil it daliks mar fertelle, it is in Tsjechysk stedsje dêr't jim grif noch nea fan heard ha. It telde yn 2018 10.086 sielen. Ik hie ferline wike Nove Mesto yn myn digitale aginda stean, want ien kear yn it jier fynt dêr in spektakel plak. It sirkus biatlon strykt dêr dan fjouwer dagen del en feroaret it oars sa rêstige plakje yn ien grut festivalterrein.
Om it parkoers fan de baan hinne hienen se mânske tribunes boud, want yn dy fjouwer dagen waarden 120.000 taskôgers ferwachte. 30.000 fans deis, stiif útferkocht. Dat is, mei alle respekt, noch wol even wat oars as ús nasjonale hobby yn Thialf, mar it idee is fansels itselde. Njonken it feit dat biatlon in geweldige, mar yn Nederlân folslein ûnbekende sport is, meitsje krekt dy supporters it hiele plaatsje kompleet. Fjouwer dagen feest, krekt as hjir by it riden. Sporters dy't yn sa'n sfear harren ding dwaan meie, moaier kin it net.
Doe barde der ergens wat mei in grypfirus, jim ha der hjir op de radio alles oer meikrigen. Der moasten drakoanyske maatregels naam wurde. Alle 120.000 taskôgers dy't nei Nove Mesto komme woenen, krigen te hearren dat se net wolkom wienen. Op himsels in te begripen maatregel. De wedstriden mochten wol trochgean, mar der wie gjin klap mear oan om der nei te sjen. Dat fûnen de sporters trouwens ek. Spoekeftige bylden fan topsport foar lege tribunes.
Letter dizze wike siet ik tafallich nei de kwartfinale yn de Poalske fuotbalkompetysje te sjen, je dogge wolris wat. Eks-SC Hearrenfeanspiler Pelle van Amersfoort skeat yn de ferlinging syn team nei de winst, mar ek dat stadion wie leech, sfearleas en der wie dus ek gjin donder oan.
De maatregels dy't naam wurde en naam wurde sille om fersprieding fan it firus tsjin te gean, kinne je fan alles oer sizze. Negatyf ynstelden wize op alle ferkear dat noch alle dagen oer de dyk, it spoar en troch de loft himsels ferpleatst. Se ha in punt. Posityf besjoen is it ferstannich om yn in gebiet dêr't it firus omdoarmet net in stadion fol folk gearkomme te litten om elkoar de gryp oan te blazen. Ek de 'helden' dy't och sa flink binne en sels as se siik binne noch dapper oan it wurk geane, moatte se daliks skorse, want se binne oerstom en hielendal net flink. Bliuw thús.
Topsport sûnder publyk is neat oan. No ja, biljerten miskien, mar sels dy wolle graach wat folk yn de seal ha. Jild makket net alles goed, sjoch mar nei de lege plakken yn stadions. Yn FOX syn idee dat der alle dagen, hast op alle oeren fuotbaljen te sjen wêze moat, skûlet ek gefaar. Supporters wurde troch datsoarte grutte jildsjitters faaks as ôffalputsje op de begrutting beskôge. Want it makket net út op hokker waardeloaze tiid je de wedstriden organisearje, de minsken komme dochs wol, is it idee.
Dat blykt yn de praktyk dus oars út te pakken. Op de begrutting fan in betelle fuotbalorganisaasje wurdt it jild fan sponsors en tv-rjochten ûnterjochte faaks as wichtiger besjoen. Op koarte termyn is dat miskien sa, mar de klups kinne net sûnder harren fans.
Ien ding dat je fan dit firus leare kinne is, dat it sjen nei topsport yn in leech stadion net in bliksem oan is. FOX soe dus wol wat suniger op de fans wêze meie."