Basisskoalle yn Gau ticht fanwegen link mei mooglik coronagefal

14 mrt 2020 - 07:54

Miensskipsskoalle de Legeaën, mei lokaasjes yn Gau en Sibrandabuorren, bliuwt foarearst ticht fanwegen in link mei in mooglike besmetting fan it coronafirus. Dat hat de skoalle yn de gemeente Súdwest-Fryslân freed yn oerlis besletten.

In lege skoalklasse - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De skoansoan fan de direkteur fan de basisskoalle hat yn in risikogebiet wêst en waard dizze wike siik. De man is test op corona en previntyf yn karantêne set. De útslach fan de test wurdt dit wykein bekend.

Sawol de twa basisskoallokaasjes as de byhearrende berne-opfang binne ticht. Der sil oerlein wurde mei de GGD oer fierdere stappen.

(advertinsje)
(advertinsje)