UPDATE: Fertochte oanhâlden foar sjitpartij yn Ljouwert

Op de Auke Stellingwerfstrjitte yn Ljouwert hat freedtejûn in sjitpartij west. Der is in auto mei meardere kûgels besketten. De plysje hat letter freedtejûn by de Aldlânsdyk in fertochte oanhâlden.
Sjoch hjir nei bylden fan de oanhâlding:
UPDATE: Fertochte oanhâlden foar sjitpartij yn Ljouwert
Foar safier bekend is der gjinien ferwûne rekke by de sjitterij. De plysje hat de Auke Stellingwerfstrjitte in skoft ôfset. De plysje docht noch ûndersyk. Ek de plysjehelikopter wurket dêr oan mei.
De plysje ropt tsjûgen op kontakt mei harren op te nimmen. Dat kin troch 0900-8844 te beljen. Wa't fierder wat fertochts sjoen hat kin belje mei 112.
© De Vries Media