FIDEO: Coronafirus set provinsje op 'e kop

13 mrt 2020 - 19:29

De maatregels dy't it kabinet en it RIVM tongersdei ôfkundige hawwe, soargje derfoar dat tal fan aktiviteiten yn de provinsje skrast, omsmiten of ferpleatst wurde. Sa is NHL Stenden yn Ljouwert fan takom wike ôf ticht. Ek yn skouboargen sil net in soad te rêden wêze. Op in oar plak is it just smoardrok: yn de supermerken. Der wurdt omraak hamstere, guon skappen binne hielendal leech. Yn sikehûs MCL is in spesjale ôfdieling opset foar de pasjinten fan it coronafirus.

Trefwurden: 
besmetting coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)