PODCAST: 'It Spûk fan de Skillige Piip'

13 mrt 2020 - 18:30

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze achtste Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'It Spûk fan de Skillige Piip'.

Utstjoering 8: It Spûk fan de Skillige Piip

Yn de Fryske Wâlden wenne lang lyn in âlde, rike en tige deune man. Hy wie sljocht op syn jild en seach der trije kear deis nei. Mar nei't er twa kear in nachtmerje hân hie oer banditen dy't syn jild stielen, besleat er syn jildkiste te bedobjen yn de grûn. Hy tôch op in nacht op syn ezel de Skillige Piip oer en begroef syn jildkiste yn de grûn. Om noch sa lang mooglik fan syn jild genietsje te kinnen, gie er achterstefoaren op syn ezel wer werom. Mar dat gie mis... it bist stroffele, de man foel en wie dea.

Jierren letter wurde doarpsbewenners konfrontearre mei in spûk dat achterstefoaren op in ezel by de Skillige Piip omhinget. Foar de duvelbanner yn it doarp falt it net ta om it spûk kwyt te reitsjen...

Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.

(advertinsje)
(advertinsje)