Fryslân wurdt as lêste reinbôgeprovinsje, mearderheid yn Provinsjale Steaten is foar

13 mrt 2020 - 18:26

Fryslân wurdt as lêste yn Nederlân no ek in reinbôgeprovinsje. Oant no ta wie it CDA yn Provinsjale Steaten, de grutste fraksje, tsjin it útstekken fan de flagge op it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Mei dy reinbôgeflagge wurdt de solidariteit mei de homo-mienskip útdrukt. De flagge stiet foar de hiele LGBT+ beweging, in term dy't stiet foar in grut ferksaat oan seksuele oriïntaasjes en seksen.

Yn It Polytburo sei fraksjefoarsitter Johan Tjalsma dat syn partij "om" is. Dêrmei is der in mearderheid yn Provinsjale Steaten foar de flagge. Tjalsma slút net út dat syn partij ferdield stimme sil, mar sels is hy foar.

Romme mearderheid

Earder dizze wike joegen FNP en 50Plus ek oan foar de flagge te stimmen. Dêrmei is der yn romme mearderheid foar de provinsje Fryslân as reinbôgeprovinsje.

Yn 2016 wie it grutste part fan de partijen noch tsjin de reinbôgeflagge. Yn april stiet it ûnderwerp wer op 'e aginda fan Provinsjale Steaten.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Trefwurden: 
CDA reinbôgeprovinsje flagge
(advertinsje)
(advertinsje)