It duorret noch moannen foardat Smellingerlân in nij kolleezje hat

13 mrt 2020 - 17:31

It duorret noch wol oant mids juny foardat de gemeente Smellingerlân in nij kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat. Dat skriuwt boargemaster Jan Rijpstra oan de gemeenteried.

Gemeentehûs Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân

De proseduere dêrfoar nimt nochal wat stappen. Der is in ekstern buro ynhierd om de gemeenteried dêrby te begelieden. Der wurdt op it stuit wurke oan in profylskets foar de nije wethâlders.

Inkelde moannen

De ried moat dat profyl goedkarre en dêrnei moat der in seleksjekommisje komme fan bûten de gemeenteried. Dy draacht úteinlik de kandidaat-wethâlders foar oan de gemeenteried. Dat hiele proses nimt in tal moannen yn beslach.

Mids juny soe de nije groep wethâlders troch de ried beneamd wurde kinne. Oant dy tiid bliuwe de sittende wethâlders yn funksje.

(advertinsje)
(advertinsje)