Konflikt Eaststellingwerf en ûntwikkeler oer fergunnings en supermerk
De gemeente Eaststellingwerf en Adelaarshart, in ûntwikkeler op it mêd fan ûnreplik guod, stiene freed foar de Raad van State. Reden is in konflikt oer ferskate plannen in Easterwâlde foar in supermerk, en wêrt't dy komme sil.
It bedriuw út Hoogeveen hie al yn 2017 in fergunning krige foar de bou fan in supermerk oan 't Oost. De gemeent driget no mei it ynlûken dêrfan. Se fynt dat dit kin, want Adelaarshart hat neffens har yn al die jierren neat mei de fergunning dien.
Der binne yn de tuskentiid plannen kaam om de Lidl-supermerk te ferhúzjen fan de Trambaan nei de Dertien Aprilstraat yn Easterwâlde. Adelaarshart stapte dêrom nei de Raad van State. It bedriuw wol dat dy it bestemmingsplan kritysk besjocht.
Tefolle konkurrinsje
Neffens Adelaarshart soene der tefolle supermerken yn it doarp komme as de Lidl ferhúzet en de winkelbestimming foar de Trambaan ek noch bestean bliuwt. Dat soe twa konkurrinten betsjutte foar de lokaasje oan 't Oost.
De gemeente tinkt dêr oars oer en wol niks witte fan de beswieren fan de untwikkeler. Neffens har stean boppedat alle ljochten foar it ynlûken fan de fergunning fan Adelaarshart op grien.