MCL komt mei maatregels om nije ôfdieling op te setten foar coronafirus

13 mrt 2020 - 16:48

Sikehûs Medisch Centrum Leeuwarden (MCL) is dwaande om in nije ôfdieling op te setten foar coronapasjinten. Op dizze 'ôfdieling M' kinne fan feed ôf 15 minsken yn isolaasje lizze. Om dizze maatregel mooglik te meitsjen wurde bepaalde net-driuwende operaasjes útsteld sa't der personiel frijkomt. Ek wurdt minsken frege dy't net perfoarst in dokter hoege te sjen om in ôfspraak út te stellen of telefoanysk ôf te hanneljen.

MCL - Foto: ANP

Driuwende gefallen bliuwe wolkom yn de polykliniken, mar it personiel fan it sikehûs sil dizze minsken freegje nei klachten dy't by it coronafirus hearre. Mocht in persoan in lytse klacht hawwe dy't wize kin op in besmetting mei it firus, dan wurde sy fia de earste help it sikehûs yn litten.

"Als het op een ander moment kan, proberen we het uit te stellen. Dat doen we met banners bij de voordeur, we geven het op de website aan en vandaag is ook besloten om de mensen die de polikliniek willen bezoeken stuk voor stuk te bellen. We willen ze helpen, maar als ze hier niet hoeven te zijn willen we dat liever niet. Er is wel begrip voor, mensen zijn doordrongen van het feit dat het serieus is," seit Gerard Akkerman fan it krisisteam fan MCL.

Oer ôfdieling M seit Akkerman: "Het was een afdeling die sinds vorig jaar leegstond. Die afdeling staat nu al twee weken klaar voor coronapatiënten, maar wij doen hem nu open. Er zijn nog geen patiënten hier, maar we verwachten wel dat dit gaat komen. Er is geen personeel over in de zorg, dus vanaf maandag schorten we bepaalde operaties op. Een knie, of een operatie aan een neus bijvoorbeeld. Dat bekijken we van week tot week. Maar daardoor komen er mensen vrij die wij in kunnen zetten op die afdeling."

Neffens it sikehûs wurdt de groep minsken mei it firus hieltyd grutter, dêrom is der no mear plak nedich. It oantal fan 15 minsken op de nije ôfdieling kin ferdûbele wurde, mar dêr begjint it sikehûs foarearst noch net oan om't dat in oanpassing fan wer in grut tal protokollen freget. "We hopen dat we één patiënt op een kamer kunnen houden, maar het echt niet meer gaat zou ook twee op een kamer kunnen worden. Het personeel dat hier werkt, werkt niet op andere afdelingen in het ziekenhuis, gaat niet naar het restaurant en bezoek aan de patiënten wordt zoveel mogelijk vermeden," seit Akkerman.

It sikehûs jout oan dat de maatregels foar ôfdieling M nommen wurde om safolle mooglik meiwurkers en pasjinten sûn te hâlden. "Als het echt nodig is, willen we er kunnen zijn. We zijn er klaar voor, maar als je ziet wat er in Italië en Noord-Brabant gebeurt, dan kun je er rekening mee houden dat er hier ook meer patiënten komen."

Eardere maatregels

Earder liet it sikehûs al witte safolle as mooglik te sjen nei it ferpleatsen fan in ôfspraak of it omsetten fan in fysike ôfspraak nei in telefoanyske ôfspraak. Ek frege MCL al om net nei it sikehûs te kommen as minsken klachten hawwe dy't mooglik by it firus hearre. Fierder wiene der al maatregels foar it besykoere, is it priklaboratoarium opsplitst en wurdt der yn it sikehûs net fûstke. Der jilde spesjale protokollen foar de hygiëne.

Gerard Akkerman fan it krisisteam fan MCL

(advertinsje)
(advertinsje)