Pear persoanlike besittingen fûn by sykaksje misdriuw Koarnjum

13 mrt 2020 - 16:28

De plysje hat tongersdei en freed yn Koarnjum op syk west nei oanwizingen dy't wat sizze kinne oer it misdriuw en de dea fan Karin Grijpstra. Earst is de boaiem fan de sleat ûndersocht en freed hat in saneamde 'Veteranen Search Team' in grut gebiet om it fynplak trochsocht. By de aksjes binne in pear persoanlike besittingen oantroffen fan Grijpstra.

De besittingen wurde ûndersocht op spoaren en dêrnei kinne se werom jûn wurde oan de neibesteanden. It ûndersyk nei de dea fan Grijpstra giet troch en de plysje ropt minsken op dy't mear witte oer wat der snein 23 febrewaris oan De Wier bard is, harren te melden.

It Veteranen Search Team bestiet út frijwilligers mei in eftergrûn yn ûnder oare Definsje dy't de plysje stypje kin mei it ûndersyk.

De sleatswâl oan De Wier op it plak dêr't de frou fûn waard - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(advertinsje)
(advertinsje)