Wat docht de apteek fan Easterwâlde en Appelskea mei it coronafirus?

13 mrt 2020 - 16:15

Apteek De Drie Stellingen, mei fêstigingen yn Easterwâlde en Appelskea, hat fiergeande maatregels naam om it leverjen fan medisinen garandearje te kinnen. Sa krije meiwurkers fan de apteek harren annulearre fakânsjes werombetelle. Saaklike reizen en gearkomsten binne net mear tastien. De koerier mei net fierder komme as de slûs, en de teams fan de apteek wurde skieden.

De apotheek kan gewoon niet dicht. Mensen zijn afhankelijk van de geneesmiddelen die we leveren. Dat realiserende hebben wij besloten om strenger te zijn dan het landelijke beleid.

Rogier Hilbers, apteek De Drie Stellingen

De apteek hat moandei al dizze maatregels naam. Se freegje har meiwurkers om saaklike- én priveereizen út te stellen en om sosjale kontakten dy't net needsaaklik binne, lykas jierdeis en besiten oan famyljeleden, te mijen. Foar de meiwurkers wie it eefkes wenne dat it no oars rint yn de apteek. Mar no't de maatregels lanlik jilde, begripe mear minsken it. De apteek fynt it wichtich dat se op alle tiiden de soarch oan minsken ferline kin dy't se nêdich hawwe.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei Rogier Hilbers fan apteek De Drie Stellingen

Gezondheidscentrum Oosterwolde - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
(advertinsje)
(advertinsje)