Kombinaasje fan gym en rekkenjen; ynteraktyf leare op Piter Jelles

13 mrt 2020 - 15:52

De baskets hingje, de matten dêr't skoalbern salto's op dogge lizze klear en ek de âlderwetske bok stiet yn de gymseal fan skoalle Piter Jelles !mpulse yn Ljouwert. Mar yn de hoeke fan de gymseal stiet in opfallend, futuristysk apparaat. It liket op in ljochtynstallaasje, mei lûdsboksen en in grutte beamer. "Dit apparaat kunnen we inzetten om reken- en taalonderwijs te geven in de gymzaal. Zo combineer je dus lessen, ontzettend leuk," seit dosint sport en spel Harry Verhaar.

De Lü, want sa hjit it apparaat, kin ferskate spultsjes op de muorre fan de gymseal projektearre. Bygelyks somkes mei goede en foute antwurden derûnder. Learlingen moatte mei ballen op it goede antwurd smite. Slagget dat, dan skoare se punten. In kombinaasje fan âlderwetske gymnastyk mei ynteraktive eleminten. "Kinderen zijn eigenlijk aan het gamen en dat spreekt waanzinnig aan. Daardoor vinden ze het superleuk. Bij het rekenen moedigen ze elkaar bijvoorbeeld ook aan."

Wêr't it by de bern miskien om it spultsje giet, is dat foar Verhaar net sa wichtich. "Ik vind het niet heel belangrijk wie er wint. Ik ben blij dat ze met hun hersenen bezig zijn en dat ze ook nog leren mikken. Naast rekensommetjes hebben we ook taalspelletjes, bijvoorbeeld Engelse woordjes. Dan staat er een nijlpaard, met allemaal letters eromheen, en dan moeten ze in volgorde H-I-P-P-O gooien."

Dosint Sport & Spel Harry Verhaar

De bern binne sels behoarlik entûsjast. "Het is anders leren. Rekenen kun je al wel, maar je leert ook bijvoorbeeld sneller te rekenen. En je krijgt er betere reflexen van", sa seit Florian. Ien fan de famkes, Shaina, smyt fanatyk mei in bal nei it goede antwurd. "Je moet gooien en denken tegelijk, daar leer je van. Je kunt winnen of verliezen, maar dat je zo snel moet reageren vind ik het leukst."

De Lü is in djoer apparaat, neffens Verhaar kinst der 'een mooie middenklasser van aanschaffen'. Mar dat stie de oanskaf fan it apparaat net yn it paad. "We wilden inzetten op taal- en rekenonderwijs, vooral in de onderbouw. Het spreekt vooral die groep leerlingen erg aan om bij hen de vakken aantrekkelijker te maken."

Learlingen fan Piter Jelles !mpulse oer de nije wize fan learen

Trefwurden: 
Piter Jelles skoalle
(advertinsje)
(advertinsje)