Plysje siket tsjûgen fan ynbraken yn Ljouwert

13 mrt 2020 - 15:46

De plysje fan Ljouwert is op syk nei tsjûgen fan ferskate ynbraken earder dizze wike. Ien fan dy ynbraken wie tongersdei yn in feestkafee oan de Tuinen.

Foto: Plysje

Ynbrekkers fernielden in doar om it kafee binnen te kommen. Dêrnei waarden ferskate gokkasten iepenbrutsen en ek is der jild út de kassa helle. Minsken dy't informaasje ha oer de ynbraak kinne skilje mei 0900-8844.

Ek oer in ynbraak earder fan 'e wike wol de plysje graach mear ynfo. Woansdeitejûn waard tussen 19.30 en 22.40 ynbrutsen yn in wenning oan de Reinder Brolsmawei. De ynbrekkers namen in tablet mei en in Samsung A8-tillefoan.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert ynbraak
(advertinsje)
(advertinsje)