Takom wike gjin lessen op skoallen fan ROC Friese Poort

Op de skoallen fan ROC Friese Poort yn Fryslân sille takom wike gjin lessen jûn wurde. Dat hat it bestjoer freedtemiddei bekend makke. Hoewol't it kabinet sein hat dat skoallen foar middelber ûnderwiis foarearst gewoan trochgean kinne, hat Friese Poort besletten fan dat belied ôf te wiken. Dat betsjut dat takom wike alle lessen en oare aktiviteiten op de ûnderwiislokaasjes net trochgean sille.
ROC Friese Poort © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Neffens ROC Friese Poort is it beslút takom wike de lessen te skrassen needsaaklik. De organisaasje fynt dat der tefolle ûnwissichheden binne en dat de sûnens fan meiwurkers en studinten it wichtichst is. Der binne ek al in soad studinten en dosinten dy't harren siik meld hawwe as gefolch fan de oprop fan it kabinet.

Gebouwen wol iepen

De kwaliteit fan it ûnderwiis is net langer te hanthavenjen, fynt ROC Friese Poort. Dêrom sille de lessen net trochgean. De gebouwen fan Friese Poort bliuwe wol iepen foar aktiviteiten en wurksumheden dy't net thús dien wurde kinne. Ek staazjes geane takom wike gewoan troch, salang't studinten wolkom bliuwe op harren staazjeadressen.
Remco Meijering, bestjoerder by ROC Friese Poort