Trije jier sel foar Noardwâldster (33) foar yn brân stekken Tesla's fan advokate

De 33-jierrige man út Noardwâlde, dy't yn 2018 oant twa kear ta in Tesla fan in advokate op De Jouwer yn brân stuts, moat trije jier de sel yn. Dat hat de rjochtbank freed bekend makke. Ek kriget de man tbs mei twangferpleging oplein.
De útbrânde Tesla fan april © J. de Jong
De auto stie yn de omjouwing fan de wenning dêr't de advokate en har twa bern slepten. Se waard twa kear wekker fan it autoalarm. De advokate wie yn dy tiid kurator by it fallisemint fan de CMS-werf yn Ljouwert. De brânstichtingen hiene dêr mooglik mei te krijen.

Gerjochte aksje

Neffens de rjochtbank wie it yn brân stekken fan de auto's in gerjochte aksje tsjin de advokate. Mooglik hat de Noardwâldster de brannen yn opdracht en tsjin betelling útfierd.
Ut ûndersyk fan it Pieter Baan Centrum hat bliken dien dat de fertochte fermindere tarekkenber wie. Hy wie dêrnjonken ferslave oan speed en alkohol, en hat yn it ferline alris earder brân stichten.
De rjochtbank rekkenet it de man swier oan dat hy de libbens fan de advokate en har bern yn gefaar brocht hat.