Apteek út Frjentsjer mei tsjinstferliening yn top fan Nederlân

13 mrt 2020 - 14:57

Apteek De Hertog út Frjentsjer heart mei harren tsjinstferliening by de top fan Nederlân. Yn it lanlike ApotheekOnderzoek 2019 einige it team as fjirde.

Yn it ûndersyk wurde apteken test op de kwaliteit fan harren tsjinstferliening oan klanten. Wichtich ûnderdiel binne de saneamde mystery guests dy't op besite komme. Dy stelle fragen en komme mei in oardiel oer hoe't meiwurkers dy fragen beantwurdzje en hoe't se mei klanten yn it algemien omgean.

Ferskate besites

Sûnder it fansels te witten, krigen apotekersassistinten Marieke Dijkstra, Griet Hiemstra en Bianca van der Ree mei in besite te meitsjen. Van der Ree sels twa kear. "Wa der foar dy stiet, witst net", seit sy. ,,It is gewoan in klant mei in fraach. Dy wolst dan sa goed as mooglik helpe."

De apteek krige fia e-mail de útslach fan de besites en sa waard dúdlik dat der mystery guests west wiene yn Frjentsjer. De meiwurkers fan De Hartog krigen komplimenten foar it goed lústerjen, it stellen fan de júste fragen en it goede advys.

(advertinsje)
(advertinsje)