Epke Zonderland as twadde nei rekstôkfinale yn Bakoe

Turner Epke Zonderland hat him pleatst foar de finale by de wrâldbekerwedstriid yn Bakoe, Azerbeidzjan. Oan de rekstôk sette de Fries in skoare del fan 14,233 punten. Dat wie goed foar de twadde skoare.
Epke Zonderland © www.orange-pictures.nl
Allinnich Umit Samiloglu út Turkije hie in bettere skoare: 14,266. Alexy Rostov hie deselde skoare as Zonderland. De finale is snein.
Zonderland is de iennige Nederlânske turner dy't noch yn Azerbeidzjan is. De rest fan de ploech is al nei hûs gong, omdat by in turner út Spanje symptomen fan it coronafirus konstatearre waarden.

Kopposysje ferstevigje

Epke Zonderland bliuwt wol yn Bakoe. Hy wol syn kopposysje yn it wrâldbekerklassemint ferstevigje. De winner fan de wrâldbeker pleatst him foar de Olympyske Spelen. Zonderland syn iennige konkurrint Hidetaka Miyachi docht net mei yn Bakoe. Hjirnei is der noch ien wrâldbekerwedstriid, yn Doha. Neffens it Japansk turnbûn docht Miyachi dêr ek net mei, mar Zonderland wol dochs sjen oft er útrinne kin op Miyachi mei in goede skoare.