De Wildeman op De Lemmer wer iepen: hoareka en oplieding yn âlde herberch

Der iepenet in nij haadstuk yn it ferhaal fan De Wildeman, de bekende âlde herberch fan De Lemmer dy't al sûnt 1773 oan De Schulpen stiet. Twa ûndernimmer fan Kampen iepenje it etablissemint opnij, nei't it in lange tiid leech stien hat. It plan fan de nije eigeners Albert Spijker en Stephan Dijkstra: in hoarekabedriuw kombinearje mei acht opliedingsplakken foar jongerein.
De Wildeman © De Wildeman
Yn april moatte de doarren wer iepen wêze. De ûndernimmers iepenje it yn gearwurking mei soarchbedriuw PerspektieV, dy't jongerein stipet op ferskate wenlokaasjes yn it noarden. "Wij creëren acht woon- en werkplekken waar jongeren, in een vertrouwd leerling-meesterklimaat, ervaring op kunnen doen in het horecavak," seit Dijkstra. Jongerein kin yn De Wildeman ûnderfining opdwaan. In hoarekateam sil dwaande mei de begelieding om it diploma te heljen.
De Wildeman nimt in wichtich plak yn binnen de skiednis fan De Lemmer. "Wij zijn dan ook erg trots. De Wildeman is een grote naam en wij willen de oude grandeur weer laten herleven. Dit beschouwen we als een serieuze uitdaging, één die de moeite waard is. Ik hoop dat de Lemsters dit ook gaan terug zien in hun 'Wildeman', in het eten en in de sfeer."