Alderlêste ljipaai fûn yn Eaststellingwerf; frije fjild yn hiele provinsje no sletten

It alderlêste ljipaai fan Fryslân is fûn. De ear wie oan Harry Wijbrands en Jan Nutma. Sy fûnen yn 'e buert fan Ravenswâld yn de gemeente Eaststellingwerf in nêst mei in ientsje yn in maisfjild.
Yn de gemeente Dantumadiel wiene de beide manlju dit jier ek al de lokkigen en blykber smakke dat nei mear. Se tôgen nei Eaststellingwerf, om't it frije fjild dêr noch iepen stie en brochten der moarn troch yn it fjild.
Dêrmei is it frije fjild yn de hiele provinsje yn it rekôrtiid fan fiif dagen sletten. No is it tiid foar de neisoarch.