Grienteman Boonstra: "Kommende wiken gjin freedsmerk, dat kin net misse"

13 mrt 2020 - 12:41

It wie freedtemoarn rêstich op de Ljouwerter freedsmerk. Rûchwei de helte fan wat der oars oan keapers is, wie thús bleaun en ek lang net alle keaplju wiene nei de merk kaam. Grienteman Boonstra, oars altyd like fleurich, wie pessimistysk. "Dit is net om te laitsjen. En ik tink dat de merk de kommende wiken hielendal op slot giet, dat kin net misse. Dat sjochst it no yn it suden ek al: Den Bosch en Maastricht binne al ticht. We sille it hjir in pear wike mei dwaan moatte. It is net oars."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Oare reaksjes wiene de fansels ek. "Ik ben niet bang hoor, ik geef ook iedereen gewoon een hand", sei in senior. In oar sei dat we net yn de panyk sjitte moatte: "We moeten wel realistisch blijven". In keapman siet mear yn oer syn âlden as oer syn hannel: "Sy binne yn de tachtich, dêr haw ik wol noed oer. Foareast mar net op besite, better is it om te beljen..."

Reaksjes fan de freedsmerk oer it coronafirus

(advertinsje)
(advertinsje)