Sjirurch sikehûs Tjongerskâns hat coronafirus; fiif kollega's mei klachten

13 mrt 2020 - 12:20

Der binne freed twa nije coronabesmettingen bykaam yn Fryslân. In ynwenner fan Drachten en De Jouwer binne beiden posityf test op it coronafirus. Ien fan harren is ortopedysk sjirurch yn sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean. Fiif fan syn kollega's sitte yntusken thús mei sykteferskynsels.

"Hij vertoonde eigenlijk nauwelijks klachten en heeft daarom tot en met woensdag gewoon gewerkt. Hij hoorde donderdagochtend, nog voordat hij aan het werk ging, dat hij in contact was geweest met een andere persoon die besmet bleek met het coronavirus", leit Daan van den Broek fan sikehûs Tjongerskâns út. De man liet himsels teste en dêr kaam tongersdeitejûn út dat hy yndie besmet wie.

Kontaktûndersyk ûnder pasjinten

Hy ferbliuwt tegearre mei syn frou en bern yn thúsisolaasje. GGD Fryslân hat yntusken in kontaktûndersyk opsetten, yn gearwurking mei Tjongerskâns. "Daar zijn we direct mee gestart. De patiënten die contact met hem hebben gehad en nu nog in ons ziekenhuis liggen, vertonen vooralsnog geen klachten. We blijven hen goed monitoren." Dat bart ek as sy nei hûs gean. Der wurdt ek ûndersyk dien nei sikehûsbesikers dy't allinnich koart kontakt hân hawwe mei de man.

Fiif meiwurkers ha klachten

De meiwurkers fan it sikehûs dy't kontakt hân hawwe mei harren posityf teste kollega binne op 'e hichte. "In totaal hebben vijf medewerkers klachten. Die klachten variëren van hoesten en neusverkoudheid. Uit voorzorg blijven zij thuis en ze worden ook getest." De meiwurkers en pasjinten binne bot skrokken fan it nijs.

Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tjongerskâns hâldt harren neffens de lanlike rjochtlinen yn 'e gaten. As sy klachten hawwe, meie se net wurkjen komme. It sikehûs bliuwt iepen en alle soarch giet gewoan troch.

Ferskillende senario's

It sikehûs hat senario's klearlizzen foar as it firus him fierder útwreidet. "Wat moeten we doen als de toestroom van patiënten toeneemt en we moeten opschalen wat betreft isolatiekamers en -afdelingen. In geval van nood moeten we alle zorg die niet noodzakelijk is afschalen. Die scenario's liggen klaar, maar die worden nog niet in gang gezet."

Daan van den Broek van ziekenhuis Tjongerschans

De oare nije coronapasjint is in frou fan Drachten. It giet om de partner fan de man by wa't earder dizze wike it coronafirus fêststeld is. Sy ferbliuwt yn thúsisolaasje. GGD Fryslân hat ek foar har in kontaktûndersyk opsetten. Dêrmei wurdt yn kaart brocht mei wa't se kontakt hân hat de ôfrûne tiid.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)