Gebou postdoweferiening Súrhusterfean wurdt sloopt

13 mrt 2020 - 11:33

It gebou fan postdoweferiening Feanster Flucht yn Surhústerfean giet tsjin de grûn. De feriening bestiet al sûnt oktober ferline jier net mear.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De gemeente Achtkarspelen sil de sloop diels foar har rekken nimme. Eins soe de feriening sels it gebou oan de Kloasterstrjitte slope moatte, mar dêr is gjin jild foar.

Troch ôfnimmende belangstelling foar de dowesport hie Feanster Flucht ferline jier noch mar tsien leden. De feriening waard yn 1946 oprjochte. Op it hichtepunt wiene der sechtich leden.

(advertinsje)
(advertinsje)