FNP Noardeast-Fryslân: mear romte nedich foar wenningen

13 mrt 2020 - 11:06

De FNP yn Noardeast-Fryslân wol mear romte foar wenningen yn de gemeente. Dat lit de fraksje witte nei yn in presintaasje oer Holwert oan See tongersdeitejûn yn de ried.

Foto: Omrop Fryslân

De FNP sjocht it as in tige ambysjeus projekt dat in geweldich posityf effekt ha kin op sawol Holwert as op de hiele regio, seit de fraksje yn in parseberjocht. "Yn ferhâlding mei in pear jier ferlyn binne wy fan in grut oerskot oan wenningen nei in knipend tekoart gean yn Holwert, sa ûnderstreket de stjoergroep Holwert oan See."

Neffens de FNP is it de fraach wêr't minsken daliks wenje moatte yn net allinne Holwert oan See, mar ek de oare doarpen yn de gemeente. "Jou ús doarpen de romte en ferkwânselje de wentekontigenten net samar oan de grutte plakken of oare regio's."

(advertinsje)
(advertinsje)