Twa nije coronabesmettingen; wurknimmer sikehûs Tjongerskâns posityf test

13 mrt 2020 - 11:03

Der binne freed twa nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat hat de GGD Fryslân niiskrekt bekend makke. In ynwenner fan Drachten en De Jouwer binne beiden posityf test op it coronafirus. Ien fan harren wurket yn sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean. Dêrmei komt it oantal besmette pasjinten yn Fryslân no op njoggen.

Foto: Shutterstock

Ien fan de nije coronapasjinten is in frou fan Drachten. It giet om de partner fan de man by wa't earder dizze wike it coronafirus fêststeld is. Sy ferbliuwt yn thúsisolaasje. GGD Fryslân hat ek foar har in kontaktûndersyk opsetten. Dêrmei wurdt yn kaart brocht mei wa't se kontakt hân hat de ôfrûne tiid.

Ortopedysk sirurch besmet

De ynwenner fan De Jouwer is ortopedysk sirurch yn sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean. De man liet himsels teste en dêr kaam tongersdeitejûn út dat hy yndie besmet wie. Hy ferbliuwt tegearre mei syn frou en bern yn thúsisolaasje. GGD Fryslân hat yntusken in kontaktûndersyk opsetten, yn gearwurking mei Tjongerskâns.

De meiwurkers fan it sikehûs dy't kontakt hân hawwe mei harren posityf teste kollega binne op 'e hichte. De meiwurkers en pasjinten binne bot skrokken fan it nijs.

Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tjongerskâns hâldt harren neffens de lanlike rjochtlinen yn 'e gaten. As sy klachten hawwe, meie se net wurkjen komme. It sikehûs bliuwt iepen en alle soarch giet gewoan troch.

Tongersdei stie it oantal besmettingen noch op sân. De sande pasjint wie in man fan Balk, dy't no yn it Antonius Sikehûs yn Snits leit. Earder op tongersdei waard al bekend dat der pasjinten yn Ljouwert, Terkaple en Snits binne.

Daan van den Broek fan sikehûs Tjongerskâns

Nije maatregels

It kabinet kundige tongersdei nije maatregels oan. Minister Bruno Bruins fan Medyske Soarch makke dizze maatregels bekend, dy't jilde oant en mei 31 maart:

  1. Eltsenien mei noasferkâldenens, dy't hoastje moat, kielpine en/of koarts hat, moat sosjale kontakten mije.
  2. Alle eveneminten dêr't mear as 100 minsken komme, wurde skrast. Dat giet bygelyks om sportwedstriden, konserten, mar ek om musea.
  3. Minsken wurdt frege safolle as mooglik thús te wurkjen en wurktiden te sprieden. Ek foar it wurk jildt: gjin gearkomsten mei mear as 100 minsken.
  4. Behein de besite oan kwetsbere persoanen: âlderein en minsken mei minder wjerstân. Oan kwetsbere minsken sels: mijd grutte selskippen en it iepenbier ferfier.
  5. Soarchpersoniel is hurd nedich en moat pas thús bliuwe as sy klachten én koarts hawwe. Ek wurdt oan harren frege net nei it bûtenlân te gean.
  6. Skoallen bliuwe gewoan iepen. Wol moatte hbo en universiteiten safolle mooglik harkkolleezjes online oanbiede. Foar basisskoallen, middelbere skoallen en mbo's is it net nedich om ticht te gean. Op dy skoallen binne minder besmettingen, jongerein rinne in minder heech risiko en op dizze skoallen komme der minder minsken út it bûtenlân. Boppedat binne de âlden fan bern ek hurd nedich, bygelyks yn de soarch.
(advertinsje)
(advertinsje)