Nederlânske turnploech nei hûs, Epke bliuwt yn Bakoe

13 mrt 2020 - 10:56

Hast de hiele Nederlânske turnploech komt dit wykein net mear yn aksje by de World Cup yn Bakoe. Allinne Epke Zonderland bliuwt. De oare turners geane út foarsoarch nei hûs, om't in Spaanske turner grypferskynsels hat.

Foto: ANP

It is net bekend oft it om it coronafirus giet, mar de turners dy't weromgeane, wolle it risiko net rinne om fier fan hûs yn karantêne te moatten.

Epke Zonderland bliuwt, omdat foar him kwalifikaasje op de Olympyske Spelen noch op it spul stiet. Hy komt dizze freed yn aksje.

(advertinsje)
(advertinsje)