Nije grutte sykaksje yn Koarnjum foar oanwizingen yn saak-Grijpstra

13 mrt 2020 - 14:23

It Veteranen Search Team docht freedtemoarn in sykaksje yn de omkriten fan Koarnjum. De aksje is rjochte op oanwizingen yn ferbân mei de dea fan Karin Grijpstra ein febrewaris. Sy waard mooglik mei in misdriuw om it libben brocht.

Tessel Horsman, plysjewurfierder

"We onderzoeken vandaag een groot gebied rondom de plek waar Karin Grijpstra is gevonden", seit Tessel Horsman fan de plysje. "We gaan minutieus grond afzoeken."

De sleat dêr't it lichem fan de frou fûn is, waard tongersdei al leech pompt. De plysje koördinearret de sykaksje fan it Veteraneteam. "Dat is een groep van oud-militairen en oud-politieagenten, die op vrijwillige basis de politie steunen bij zoekacties."

Foto: Kappers Media
(advertinsje)
(advertinsje)