Kollum: "It roppen fan de siel"

"Ofrûne sneon hat der in VVD-kongres foar froulju yn Ljouwert west, lies ik moandei yn 'e krante. En it gong dêr benammen oer dat wy yn ús lân achterrinne yn Europa as it giet om froulju dy't wurkje. Der wie ek in ekonoom by dy't sei dat it kaam troch de bûtengewoan sterke 'moederschapsideologie', oftewol it idee dat froulju it bêste foar har bern soargje kinne. Mar ek de minne tagong ta berne-opfang, marzjedagen yn it ûnderwiis en it dieltiiddogma spylje in rol.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
It stikje sette útein mei in kwoot dêr't yn sein waard dat de nije generaasje froulju makliker fulltime wurket. Oant se bern krije, want dan bedarje se dochs wer achter it oanrjocht. Oan de ein stie, datst mei dieltiid wurkjen noait de top berikke kinst en de oanwêzigen werkenden har allegear yn it byld dat Nederlân op dit mêd 'Jan Achteran' is.
No ha ik eartiids leard dat de earste fjouwer jier fan in bern tige wichtich binne, omdat yn dy perioade de basis lein wurdt foar in goede bining, dy't wer soarget foar selsfertrouwen en it gefoel datst eat wurdich bist. Ast dy as bern fanút feilichheid en fertrouwen hechtsje kinnen hast, dan bist letter sels ek better yn steat om relaasjes oan te gean.
Bern dy't oeral en nearne binne, lykje faak hiel sosjaal omdat se leard ha mei ferskate sitewaasjes en minsken om te gean. Mar boppe yn 'e holle wurde guon wichtige ferbiningen net altyd lein en sadwaande bliuwe it dearinnende diken. As se letter sels in partner of bern krije dan kinne se der hiel bot muoite mei ha om har op in djipper nivo te ferbinen. Ik ha dêr ris in stik oer lêzen en dy bern waarden 'kameleonkinderen' neamd. Se passe har oan alle kleuren oan mar witte úteinlik net wat har eigen is.
Soks kin likegoed barre mei âlden dy't thús binne mar net nei de bern omsjogge of noch slimmer, harren mishannelje. En as bern fan fulltime wurkjende âlden in goede stabile oppas ha, dan sil it mei dy basis grif ek wol goed komme dus om al of net wurkje, giet it no net.
Wat my tsjinstiet yn dizze diskusje, is dat it eins noait om de bern giet en sa wol dan wurdt it ôfdien as in ideology en âlderwetsk. Ik freegje my gauris ôf hoe't it yn himelsnamme safier kommen is dat it mem wurden en wêzen as in âlde fodde yn in hoeke smiten is en hieltyd minder serieus nommen wurdt. Moat dat no de hjoeddeiske beskaving foarstelle?
Mar beskaving hat net allinnich te krijen mei ekonomyske belangen, jild, ego en status. Nei myn idee heart dêr ek in stik gefoel by. Froulju dy't beslute om minder te wurkjen of hielendal in skoft te stopjen, dogge dat út pure leafde en wolle ek graach it leafste sels foar har bern soargje. Oer dy wichtige foarm fan leafde hearst eins noait wat of wurdst derop ôfrekkene omdat it 'neat' opsmyt en dat fyn ik hiel skealik.
Dat djipgeande gefoel is mei al it jild yn 'e wrâld net te keap mar kin de nije wrâldboarger wol in hiele wichtige basis jaan. Ik tink dat de froulju dy't faker thús wêze wolle it roppen fan har siel en har natuer folgje want wy krije no ien kear bern dy't lang ôfhinklik fan ús binne. As soks de bedoeling net west hie, dan hiene we wol krekt as in kat bern krigen dy't nei 13 wiken de doar út kinne.
Neffens my rint Jan dus krekt foar de muzyk út sadat de bern der letter net mei de siel ûnder de earm en oer in dearinnende dyk achteroan hobbelje."