Coronanijs freed 13 maart: No njoggen coronabesmettingen; GGD kin net mear elkenien teste

13 mrt 2020 - 21:00

It kabinet kundige tongersdeitejûn yn ferbân mei it coronafirus nije maatregels ôf foar hiel Nederlân: eveneminten boppe de 100 minsken wurde skrast. Dat betsjut dat ûnder oare musea, teäters en sportklups it advys krije om de doarren de kommende wiken te sluten. Ek bliuwe hbo-skoallen en universiteiten de kommende wiken ticht. De nije maatregels jilde yn elts gefal oant 1 april.

  • Alle besmettingen yn Nederlân en Fryslân binne op dizze kaart te sjen.
  • By 9 Friezen is it firus konstatearre: in man en frou fan De Gordyk (yn de 50), in man fan Drachten (78) en syn frou, in Ljouwerter (32), in man fan Snits (yn de 40), in man fan Terkaple (47), in man fan Balk (yn de 40) en in meiwurker fan sikehûs Tjongerskâns út De Jouwer.
  • Giet in evenemint net troch yn Fryslân? Meld it en stjoer in mail nei: aginda@omropfryslan.nl. Besjoch hjir hokker eveneminten yn de provinsje net trochgean.
  • Alle artikelen oer it coronafirus binne te lêzen op ús dossierside

Dit liveblog is ook in het Nederlands bij ons te volgen.

20:12
Noppert pleatst foar útsteld darttoernoai

Yn Ingelân hat darter Danny Noppert him freedtejûn pleatst foar de German Darts Grand Prix, mei oerwinningen op Jonathan Worsley (6-5) en Luke Woodhouse (6-0). It toernoai is foarearst lykwols útsteld fanwegen it coronafirus. By in alternative datum is de Jouster yn elts gefal wol pleatst foar dizze European Tour.

19:31
Alvestêdekuiertocht yn maaie ek skrast

De 74ste Alvestêdekuiertocht, dy't fan 19 oant en mei 23 maaie hâlden wurde soe, is ôfsein. Neffens de organisaasjes is it risiko oanwêzich dat it coronafirus ek yn maaie noch folop yn Nederlân oanwêzich is. Ek falt in grut part fan de dielnimmers yn de risikogroep. Dêrom wurdt it evenemint skrast. De dielnimmers dy't har opjûn hawwe, krije lykwols net al harren ynskriuwjild werom. Sy krije 85 persint werom op harren rekken.

19:10
Direkteur Veiligheidsregio Fryslân: "Dit is soarchlik"

"Ik fyn it wol soarchlik, as je sjogge hoe fluch oft it tanimt." Dat seit Wim Kleinhuis. Hy is de direkteur fan de feilichheidsregio. "It is in ûnbekende situaasje foar ús. It is in ûnbekend firus. Dêrom binne de maatregels sa as se binne. Mar we witte net hoe't it ôfrint."

18:30
Finales fan Epke Zonderland ôfsein

De finales fan de wrâldbeker turnjen yn Bakoe, dy't dit wykein plak fine soene, gean ek net troch. Epke Zonderland dy't meidwaan soe, kin dêrom wer nei hûs.

18:06
De Lawei hielendal ticht

Skouboarch De Lawei yn Drachten sil de doarren hiel maart ek slute. Alle foarstellingen en eveneminten oant en mei 31 maart binne no ôfsein.

17:56
Gjin besite mear foar finzenen

Finzenen en tbs'ers meie foarearst gjin besite mear krije yn de finzenis, en ek net mear mei ferlof. Dy maatregel is bedoeld om it coronafirus bûten de doarren fan de finzenissen en de forinsyske kliniken te hâlden.

17:39
Dokterswacht Friesland: "De druk wordt groter en wachttijden lopen op"

Dokterswacht Friesland hat it tige drok mei telefoantsjes. "Het is zeer druk bij ons, het aantal telefoontjes neemt erg toe. We kunnen ons niet heugen dat het zo druk was. Veel vragen over het coronavirus, maar ook klachten over de luchtwegen bijvoorbeeld. Wij schalen ons personeel op, meer medewerkers moeten aan het werk. Ook passen we onze richtlijnen aan."

"Belje allinne by driuwende saken"

Carolien Slager fan Dokterswacht Friesland docht dêrom in oprop oan de minsken: "Bel echt bij spoedklachten: alles wat niet kan wachten. Bel niet voor gewone klachten, daar komen we niet voor en daardoor krijgen we het alleen maar drukker. Voor vragen over het virus verwijzen we door naar het RIVM. De druk wordt groter en wachttijden lopen op. Dat willen we zo veel mogelijk voorkomen. We kijken ook met ons crisisteam hoe we ons eigen personeel zo goed mogelijk kunnen beschermen."

Manager Carolien Slager fan Dokterswacht Friesland

Dokterswacht Friesland - Foto: Dokterswacht Friesland
17:14
MCL set spesjale ôfdieling foar coronapasjinten op

Sikehûs Medisch Centrum Leeuwarden (MCL) is dwaande om in nije ôfdieling op te setten foar coronapasjinten. Op dizze 'ôfdieling M' kinne fan feed ôf 15 minsken yn isolaasje lizze. Om dizze maatregel mooglik te meitsjen wurde bepaalde net-driuwende operaasjes útsteld sa't der personiel frijkomt. Ek wurdt minsken frege dy't net perfoarst in dokter hoege te sjen om in ôfspraak út te stellen of telefoanysk ôf te hanneljen.

Driuwende gefallen bliuwe wolkom yn de polykliniken, mar it personiel fan it sikehûs sil dizze minsken freegje nei klachten dy't by it coronafirus hearre. Mocht in persoan in lytse klacht hawwe dy't wize kin op in besmetting mei it firus, dan wurde sy fia de earste help it sikehûs yn litten.

MCL - Foto: ANP
17:09
Omrop past programmearring oan

Omrop Fryslân past fanwegen it coronafirus fan freed ôf de programmearring oan. Yn it wykein binne der bygelyks ekstra edysjes fan it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed te sjen.

16:44
Busreizgers: stap efteryn yn

Foar minsken dy't de kommende dagen mei de bus reizgje: stap achteryn yn! De doar oan de foarside fan de bus bliuwt ticht, fynt Arriva. Mei posters op de doar wurde reizgers nei de efterkant fan de bus laat.

Foto: De Vries Media
16:36
Rutte: hâld op mei hamsterjen

Pemier Mark Rutte ropt alle Nederlanners op om op te hâlden mei it hamsterjen fan iten en bygelyks húskepapier. Dat is net allinne ûnnedich, mar it treft ek minsken dy't hurd foar ús oan it wurk binne en nei in lange dei de skappen leech oantreffe, seit Rutte.

15:40
Tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

Yn ferban mei it coronafirus ferfalle yn Fryslân de kommende wiken ek hast alle tsjerketsjinsten. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst belibje te litten, stjoert de Omrop kommende snein live op radio en telefyzje in tsjinst út. De tsjinst wurdt útstjoerd fanút de Martinitstjerke yn Frjentsjer, mei as foargonger dominy Sytze Ypma en Jochem Schuurman as oargelist. In part fan it kwartettekoar wurket ek mei oan de tsjinst, dy't begjint om 10.00 oere.

15:14
Takom wike gjin lessen op skoallen fan ROC Friese Poort

Op de skoallen fan ROC Friese Poort yn Fryslân sille takom wike gjin lessen jûn wurde. Dat hat it bestjoer freedtemiddei bekend makke. Hoewol't it kabinet sein hat dat skoallen foar middelber ûnderwiis foarearst gewoan trochgean kinne, hat Friese Poort besletten fan dat belied ôf te wiken. Dat betsjut dat takom wike alle lessen en oare aktiviteiten op de ûnderwiislokaasjes net trochgean sille.

ROC Friese Poort - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
15:12
Provinsjale Steaten litte gearkomste falle

Provinsjale Steaten lit witte dat de gearkomste fan de Steaten op 18 maart net trochiet. Op 25 maart stiet der ek in gearkomste op de planning, mar om't dit noch efkes duorret wurdt it beslút oer dizze gearkomste noch efkes útsteld.

15:05
Alle aktiviteiten Fryske Akademy skrast

Lêzingen, gearkomsten en sympoasia fan it Lânboukundich Wurkferbân, it Genealogysk Wurkferbân, de Wurkgroep Akademylêzingen en de Wurkgroep Maritieme Skiednis komme dêrmei te ferfallen.

14:58
FUMO allinne iepen foar it meast needsaaklike

De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing jout oan dat fanwege it coronafirus de meiwurkers safolle as mooglik thús wurkje. De FUMO is telefoanysk berikber, mar jout wol oan allinne foar de meast needsaaklike tsjinstferliening iepen te wêzen. De FUMO is tegearre mei de gemeenten en provinsjes ek belutsen by it beheinen fan it firus.

14:25
Sân skoallen fan SO Fryslân fan moandei ôf ticht

Spesjaal-ûnderwiiskoepel SO Fryslân slút fan moandei ôf al syn sân skoallen. Dat hat de koepel yn in brief bekend makke oan de âlden. It giet om de folgjende skoallen:

  • Piet Bakkerskoalle yn Snits (SO en VSO)
  • De Wingerd yn Damwâld (SO en VSO)
  • Talryk yn Drachten (VSO)
  • Kleurryk yn Drachten (SO)
  • It Twalûk yn Ljouwert en Frjentsjer (SO en VSO)
  • Skoalle Lyndensteyn yn Beetstersweach (SO en VSO)
  • Duisterhoutskoalle op It Hearrenfean en Easterwâlde (SO en VSO)
Foto: Google Street View
14:17
Fragen en antwurden yn ekstra radio-útstjoering

Yn in ekstra útstjoering fan it radioprogramma De Middei fan Fryslân kinne harkers de hiele middei allerhanne fragen stelle oan saakkundigen oer it coronafirus. Lês hjir hokker fragen der oant no ta steld binne.

14:08
Nije sifers RIVM: 804 pasjinten yn Nederlân

It RIVM hat bekendmakke dat der op dit stuit 804 minsken posityf test binne yn Nederlân. Dat betsjut dat der sûnt tongersdei 190 offisjele pasjinten bykommen binne. Ek binne der 5 pasjinten ferstoarn oan it firus, allegearre âldere minsken. Yn totaal binne der no 10 minsken oan ferstoarn en hawwe 115 pasjinten yn it sikehûs lein.

Foto: RIVM
13:47
Swimfun op De Jouwer skrast alle aktiviteiten

Fan 13 maart oant 1 april wurde alle aktiviteiten yn it swimbad fan De Jouwer skrast. Der wurde by Swimfun gjin swimlessen en kursussen mear jûn.

13:18
Wat bart der yn Balk?

Ferslachjouwer Arjen de Boer naam poalshichte yn Balk. Beharkje hjirûnder hoe't de situaasje der dêr foar stiet. Wat merke de ynwenners fan Balk fan it coronafirus?

Ferslachjouwer Arjen de Boer naam poalshichte op de skoallen yn Balk

13:13
GGD: "We kunnen lang niet iedereen meer testen, virus gaat te hard rond"

"We hebben inmiddels geaccepteerd dat we het virus niet helemaal kunnen volgen. We kunnen lang niet iedereen meer testen. Het coronavirus gaat nu al te hard rond en daarom hebben we een andere manier van aanpakken nodig", seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân.

13:01
Ek op de freedsmerk is it rêstich

It wie freedtemoarn rêstich op de Ljouwerter freedsmerk. Rûchwei de helte fan wat der oars oan keapers is, wie thús bleaun en ek lang net alle keaplju wiene nei de merk kaam. Lês hjir wat minsken dêr tinke fan de corona-útbraak.

12:49
Kulturele sektor hat noed oer gefolgen coronafirus

De maatregels omtrint it coronafirus binne hurd foar de kulturele sektor. De poadia en de sealen bliuwe dizze moanne leech. Alle eveneminten mei mear as 100 minsken geane net troch. Teäterfoarstellingen en konserten kinne foarearst net trochgean, lykas de Friese Lente mei popmuzyk yn Neushoorn yn Ljouwert.

Lês hjir it ynterview mei Yvonne Bleize fan Neushoorn en Stef Avezaat, direkteur fan De Lawei.

12:29
Drokte by supermerken

By in soad supermerken yn de provinsje wurdt no hamstere. Minsken lykje massaal nei de winkels te gean om foarrieden yn te slaan. "Het lijkt wel kerst, zo druk", seit in frou dy't te boadskipjen wie. Sels hat se net mear meinaam as normaal.

Neffens supermerkmanager Fons van Steen is it absolút drokker as in normale freedtemoarn. "Dit skeelt enoarm. Wy binne hiel wat wend, mar dit giet rjochting peaske en kryst. Benammen de potgriente, it húskepapier en de hâldbere suvel gean rap." De oanfier wurdt neffens him goed byhâlden. "Dat is super regele. De orders wurde automatysk oanstjoerd."

By in oare supermerk is it parkearterrein ek fol en de skappen leech. In man dy't krekt de winkel út komt: "Wat me opvalt, is dat mensen zo verdwaasd lijken dat ze niet eens meer zien waar ze lopen. Het is massahysterie, ze weten niet eens wat ze moeten halen."

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar wie by de supermerk yn Grou

12:14
Aktuele situaasje coronopasjinten yn Fryslân
11:50
Sirurch sikehûs Tjongerskâns hat coronafirus; fiif kollega's mei klachten

Ien fan de nije coronapasjinten is ortopedysk sirurch yn sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean. Hy ferbliuwt tegearre mei syn frou en bern yn thúsisolaasje. Fiif fan syn kollega's sitte yntusken thús mei sykteferskynsels.

11:28
Mear learlingen melde har siik

"We merken dat ouders bezorgd zijn, en er zijn meer leerlingen ziek gemeld dan normaal", fertelt Bernadette Pelgrum, rektor fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert. "We volgen de richtlijnen. De toetsweek van volgende week gaat vooralsnog door."

Rektor Bernadette Pelgrum fan Beyers Naudé

Wat fine de learlingen? "Ik vind het wel bijzonder, want vanochtend hadden we gym en dan zit je dicht op elkaar, maar gisteravond ging de voetbaltraining niet door en dan ben je met minder dan een klas." Neffens in oar is de kâns op besmetting net grut op skoalle. Wer in oar hat der begryp foar dat skoallen net slute. "Maar ik zit in de vierde klas en kan best alleen thuis zitten. Het is prioriteit dat we niet allemaal ziek worden."

Wat fine de learlingen fan Beyers Naudé?

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
11:07
No njoggen coronapasjinten

Der binne hjoed twa nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat hat de GGD Fryslân niiskrekt bekend makke. In ynwenner fan Drachten en De Jouwer binne beiden posityf test op it coronafirus. Dêrmei komt it oantal besmette pasjinten yn Fryslân no op njoggen.

10:36
Ekstra radio-útstjoering: stjoer jo fragen oer it coronafirus

Fanwege it coronafirus komt Noardewyn Live freedtemiddei te ferfallen. Yn stee dêrfan is der in ekstra útstjoering fan De Middei fan Fryslân. Harkers kinne har fragen oer it coronafirus ynstjoere, der sitte dan saakkundigen yn de studio om dy fragen te beäntwurdzjen. De fragen kinne nei 12.00 oere ynstjoerd wurde fia de Omrop-app en fia 06-20499199. Fan 13.00 oere ôf kin der ek belle wurde mei de studio.

10:28
Gemeente Ljouwert allinnich iepen foar needsaaklike tsjinstferliening
10:13
Eveneminten ôfsein

It reint ôfsizzingen nei it beslút fan it kabinet om alle eveneminten mei mear as 100 besikers te ferbieden. Besjoch hjir hokker eveneminten yn de provinsje net trochgean.

9:59
Lês werom: de maatregels fan it kabinet

Neffens premier Rutte giet it om yngripende maatregels en hy freget om begryp foar de situaasje.

Minister Bruno Bruins fan Medyske Soarch makke dizze maatregels bekend, dy't jilde oant 31 maart:

  1. Eltsenien mei noasferkâldenens, dy't hoastje moat, kielpine en/of koarts hat, moat sosjale kontakten mije.
  2. Alle eveneminten dêr't mear as 100 minsken komme, wurde skrast. Dat giet bygelyks om sportwedstriden, konserten, mar ek om musea.
  3. Minsken wurdt frege safolle as mooglik thús te wurkjen en wurktiden te sprieden. Ek foar it wurk jildt: gjin gearkomsten mei mear as 100 minsken.
  4. Behein de besite oan kwetsbere persoanen: âlderein en minsken mei minder wjerstân. Oan kwetsbere minsken sels: mijd grutte selskippen en it iepenbier ferfier.
  5. Soarchpersoniel is hurd nedich en moat pas thús bliuwe as sy klachten én koarts hawwe. Ek wurdt oan harren frege net nei it bûtenlân te gean.
  6. Skoallen bliuwe gewoan iepen. Wol moatte hbo en universiteiten safolle mooglik harkkolleezjes online onbiede. Foar basisskoallen, middelbere skoallen en mbo's is it net nedich om ticht te gean. Op dy skoallen binne minder besmettingen, jongerein rinne in minder heech risiko en op dizze skoallen komme der minder minsken út it bûtenlân. Boppedat binne de âlden fan bern ek hurd nedich, bygelyks yn de soarch.
9:27
Lege skappen yn de supermerk

Premier Rutte sei mei klam dat hamsterje net nedich is, mar dochs sloegen minsken tongersdei en freed al aardich wat guod yn. Yn ferskate supermerken is benammen húskepapier, molke, hâldber- en djipfriesiten útferkocht. Hoe rap oft de foarrieden wer oanfolle wurde sille, is net bekend.

8:15
Apoteek fan Easterwâlde en Appelskea nimt fiergeande maatregels

Apoteek 'De Drie Stellingen' mei fêstigings yn Easterwâlde en Appelskea hat fiergeande maatregels naam om de levering fan medisinen garandearje te kinnen. Alles is ynrjochte op it foarkommen dat meiwurkers siik wurde. "We hebben tijdig ingespeeld op de nu ontstane situatie", fertelt apoteker Rogier Hilbers. "Als geen ander weten we hoe belangrijk continuïteit in de uitlevering van medicatie is." De meiwurkers hawwe neffens him in soad begryp foar de maatregels. "We zijn trots op de bijdrage die zij leveren aan de continuïteit van de zorg."

Apoteek De Drie Stellingen yn Appelskea - Foto: Google Street View

Saaklike reizen en gearkomsten binne net tastien. It giet dêrby net allinnich om it besykjen fan kongressen en sympoasia, mar ek om wurkbesites en oerlizzen. Ek privee binne der beheinings. Hilbers: "We vragen het bezoek aan familie en vrienden uit te stellen, als daarvoor gereisd moet worden. En ook het omgekeerde is van toepassing." Yn it uterste gefal wol De Drie Stellingen de annulearringskosten betelje fan in reis as de fersekering dy net dekt. "We zetten alles op alles om medicatie te kunnen blijven leveren."

Yn de apoteken yn Easterwâlde en Appelskea wurdt mei skieden teams wurke. In koerier pindelet tusken beide fêstigingen en komt net fierder as in slûs yn de apoteek.

7:50
Iepenbier ferfier rêstiger as normaal

Oan de oprop fan it kabinet en it RIVM om thús te wurkjen, wurdt folop foldien. En dat is ek te merken yn it iepenbier ferfier. Ferslachjouwer Maaike van der Hoek stapte yn Grins op de trein nei Ljouwert en trof in heal lege trein oan. Dêr sieten benammen jongeren yn.

Ien famke seit it noch efkes oan te sjen en giet dochs nei it wurk. In man yn de trein is toskedokter en ûnderweis nei de praktyk: "Ik hoef niet verplicht naar de praktijk te komen, maar het advies is om gewoon door te werken. Ik heb geen klachten, dus ik ga gewoon." Ek in studinte dy't har koskippen docht yn Ljouwert bliuwt net thús. "Daar moet ik wel gewoon heen om door te kunnen gaan. Ik moet nog één week, ik denk dat ik die gewoon af kan maken."

Neffens bussjauffeur Jaap, dy't op line 71 fan Pitersbierrum nei Ljouwert rydt, is it rêstich. "Op guon plakken ha je hielendal gjin passazjiers by de halte stean. Ik ha de bus hast foar mysels." By guon haltes dêr't meastentiids in hantsjefol minsken stiet, stean no mar ien of twa persoanen, fertelt Jaap. In bussjauffeur op line 66, fan de pier fan Holwert nei Ljouwert, hie gjinien yn de bus. "Gjinien fan It Amelân wie ûnderweis nei Ljouwert. Meastal hawwe we seis minsken yn de bus, mar dy bliuwe allegear thús."

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek stapte yn Grins op de trein

De treinen en bussen wiene rêstiger as oars

7:16
Hast 9.000 frijwilligersprojekten fan NLdoet gean net troch

Hast 9.000 projekten wiene der foar freed en sneon oanmelden foar de grutte frijwilligersaksje NLdoet fan it Oranje Fonds. Mar yn ferbân mei it coronafirus hat it Oranje Fonds in oprop dien oan alle frijwilligersorganisaasjes om alle klussen út te stellen. Rûnom yn Fryslân soene frijwilligers oan de slach mei allerhande projekten. Op Skiermûntseach waarden ferspraat oer twa dagen sa'n 270 frijwilligers ferwachte. Dy soene de strannen skjinmeitsje.

In team fan it opliedingssintrum fan de Keninklike Maresjaussee hie syn help oanbean om ôffal op te rêden. Ek individuele frijwilligers út it hiele lân soene nei it eilân komme. "We hebben contact gehad met de GGD en het RIVM en het is op dit moment niet verstandig om het te laten doorgaan. De gezondheid van iedereen gaat voor", seit boskwachter Cynthia Borras fan Natuurmonumenten. "We zullen het evenement gewoon verplaatsen naar een beter moment."

Boskwachter Cynthia Borras oer de ôfseine frijwilligersaksjes

7:00
Kabinet kundiget nije maatregels ôf

It kabinet hat tongersdeitejûn yn ferbân mei it coronafirus foar hiel Nederlân nije maatregels ôfkundige: eveneminten boppe de 100 minsken wurde skrast. Dat betsjut dat ûnder oare musea, teäters en sportklups it advys krije om de doarren de komende wiken te sluten. Ek bliuwe hbo-skoallen en universiteiten de komende wiken ticht. De nije maatregels jilde yn elts gefal oant 1 april.

Fierder wurdt elkenien mei noasferkâldens, hoastklachten, kielpine of koarts oanret om thús te bliuwen. Se moatte sosjale kontakten safolle mooglik mije oant se wer opknapt binne.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)