Earste jeugdljipaai by Kollumerpomp fûn troch Hidde Huizenga (9 jier)
It earste jeugdljipaai fan Fryslân is tongersdeitejûn om 18.30 oere hinne fûn by Kollumerpomp. De 9-jierrige Hidde Huizenga fan Kollum is de finer fan it aai. Hidde krijt freedtemoarn it sulveren polske útrikt troch deputearre Douwe Hoogland.