Grêfstiennen fernield yn Warkum, plysje siket tsjûgen

Op it begraafplak yn it sintrum fan Warkum binne ferskate grêven en grêfstiennen fernield. Der binne tinkstiennen stikken makke en grêfstiennen omsmiten, sa meldt de plysje fan Snits en omkriten op Facebook.
© Facebook, Politie Sneek e.o.
De plysje ûndersiket de fernielerij en freget minsken dy't der mear fan witte oft se har melde wolle. Neffens de plysje is de fernielerij in skoftsje lyn al bard, tusken 26 febrewaris en 1 maart.