Gjin kolleezjes NHL Stenden en Van Hall Larenstein

Hegeskoalle NHL Stenden en it Van Hall Larenstein yn Ljouwert jouwe fan freed ôf gjin kolleezjes mear. Earder wie al bepaald dat der gjin fysyk ûnderwiis mear jûn wurde soe oan groepen mei mear as 100 minsken. Mar tongersdeitejûn hawwe alle hegeskoallen besletten dat der hielendal gjin kolleezjes mear jûn wurde. Dat jildt ek foar oare ûnderwiisaktiviteiten lykas tentamens.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Studinten sille ynformearre wurde troch de hegeskoallen oer de mooglike gefolgen foar harren stúdzje en eksamens. De gebouwen fan NHL Stenden binne wol tagonklik foar studinten mei fragen.
Ek it Van Hall Larenstein hat alle kolleezjes skrast. Der wurdt safolle mooglik digitaal lesjûn. De maatregels rinne foarearst oant en mei 31 maart.