Nije cao foar meiwurkers Frisia Sâlt yn Harns

Der is lang om let in cao-akkoart foar de meiwurkers fan Frisia Sâlt yn Harns. De wurknimmers krije 3 prosint leansferheging mei in weromwurkjende krêft nei 1 july 2019. Fan maart 2020 ôf komt der nochris 1 prosint by.
© Omrop Fryslân
Neffens in wurdfierder fan de FNV binne de 90 wurknimmers fan it bedriuw tefreden mei it resultaat. Al sûnt de simmer sieten se sûnder cao.
Yn febrewaris hiene de fakbûnen in ultimatum steld en drigen der aksjes. Dy binne no fan de baan. De nije cao rint 15 moannen, fan 1 july 2019 oant 1 oktober 2020.