PKN Klassis Fryslân riedt tsjerketsjinsten ôf, rou- en troutsjinsten lyts

12 mrt 2020 - 21:43

De Klassis Fryslân slút him oan by de maatregels dy't it lanlike PKN (Protestantse Kerk in Nederland) nommen hat nei de advizen fan it kabinet en it RIVM. Neffens de klassis binne de tsjerketsjinsten dêr't mear as 100 minsken komme, sawiesa skrast. Mar klassisdûmny Wim Beekman riedt de tsjerkeriedsleden ek ôf om tsjinsten trochgean te litten as der minder as 100 tsjerkegongers binne. Ek is de fraach om rou- en troutsjinsten, wêr mooglik, yn besletten fermiddens te hâlden.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It regear stelt dat der gjin gearkomsten hâlden wurde moatte mei mear as 100 minsken mar de PKN stelt harren tsjerken dus foar om ek oare tsjinsten net mear te dwaan om't de kâns op besmetting dan ek oanwêzich is. Neffens dûmny Beekman binne der in soad âldere gemeenteleden en dy binne it meast kwetsber. Ek binne de romten fan tsjerken faak oan de lytse kant.

Tsjinsten soene as dat mooglik is wol yn lytse rûnten hâlden wurde kinne, om se op te nimmen en út te stjoeren op ynternet of fia de telefyzje. Dat soe dan mei in foargonger en in pear tsjerkeriedsleden opnaam wurde kinne. Op snein 15 maart stjoert de lanlike tsjerke yn gearwurking mei de EO in koarte meditaasje út.

Rou- en troutsjinsten

Routsjinsten en ek trouseremoanjes soene neffens de PKN safolle mooglik yn besletten rûnte hâlden wurde moatte. By it kondolearjen soe nei de rjochtlinen fan it RIVM sjoen wurde moatte: lichaamlik kontakt safolle as mooglik mije.

PKN fynt dat kategisaasje wol gewoan trochgean kin, mar dat pastorale besite oan kwetsbere minsken better efkes net plakfine kin.

(advertinsje)
(advertinsje)