Basisskoalle Balk sletten fanwege coronagefal yn it doarp

CBS De Bolster yn Balk is freed ticht, om't de mei it coronafirus besmette man út it doarp in 'relaasje' mei de basisskoalle hat. Dat skriuwt de skoalle yn in berjocht oan de âlden en fersoargers fan de learlingen.
CBS De Bolster yn Balk © Google Streetview
Yn oerlis hat de skoalle besletten 'uit zorgvuldigheid' de doarren yn alle gefallen oant moandei te sluten. Ek de Cocon, in skoalle foar nijkommers yn Balk, is freed ticht.
"We kinne better foarkomme as 'blusse' en dan moatte we kieze foar wissichheid", leit skoaldirekteur Joop Hakze út. "Guon minsken sille sizze: dit is oerdreaun. Mar we hawwe op skoalle in soad âlden dy't wurkje yn de soarch en ik wol it risiko net nimme." De relaasje dy't besmet is mei it coronafirus is gjin dosint, mar stiet neffens Hakze wol tichtby de skoalle.
De âlden fan de bern binne tongersdeitejûn ynljochte. Wat de gefolgen binne op de langere termyn, is noch net dúdlik. De skoalle sil mei de GGD beprate hoe't se fierder hannelje moatte.
Joop Hakze, direkteur fan de basisskoalle yn Balk