It reint ôfsizzingen fan eveneminten fanwege coronamaatregels

12 mrt 2020 - 18:57

It reint ôfsizzingen nei it beslút fan it kabinet om alle eveneminten mei mear as 100 besikers te ferbieden. Oant 1 april wurdt der net fuotballe, sawol yn de betelle as amateurklassen. Ek in protte kulturele eveneminten gean net troch.

Foto: Night To Light Run

Oant 1 april wurdt der net fuotballe yn de eare- en earste difyzje. Cambuur-direkteur Ard de Graaf hat alle begryp foar de nije maatregels." Ik denk dat het logisch is, gisteren hebben we bij elkaar gezeten in de wetenschap dat de situatie elk moment zou kunnen veranderen, en die is veranderd. De mensen die daar verstand van hebben, hebben dat nu gedaan. Daar moeten we ons allemaal aan conformeren."

Cambuur-directeur Ard de Graaf

Ek it amateurfuotbal yn hiel Nederlân sil net trochgean oant en mei ein dizze moanne. It bestjoer fan de Ljouwerter Friesche Voetbalclub (FVC) jout op de webside oan dat njonken alle wedstriden ek alle trainingen oant en mei 1 april fan tafel binne.

Foto: FVC

Bekerfinale Aris skrast

It hie de moaiste dei wurde moatten yn de klupskiednis fan Aris Ljouwert: de bekerfinale tsjin de basketballers fan Donar Grins. Oer twa wiken hie it sa fier wêze moatten. Mar fanwege de coronamaatregels binne oant 1 april alle basketbalwedstriden skrast. Teammanager Sierd Dijkman fan Aris hat der in dûbeld gefoel by. " Mar oan de iene kant seagen we it ek wol in bytsje oankommen."

Teammanager Sierd Dijkman fan Aris

Tryater nimt ekstra maatregels

Ek Tryater seit kommende tiid in tal fan foarstellings ôf. "Vanaf vanavond skippen wij voorstellingen van Trije Susters, tot eind maart. Dat is geen voorstelling met veel publiek maar wel met een bijzondere publieksopstelling", sei artistyk direkteur Ira Judkovskaja. "Volgende week gelasten wij jeugdvoorstellingen af. Kamaloka gaat wel door, want dat speelt voor een kleine groep, 80 man."

Artistyk direkteur Ira Judkovskaja fan Tryater oer de ôfsizzings

Ek poppoadium Neushoorn yn Ljouwert hat alle produksjes oant 31 maart skrast. Sportsintra as Thialf op It Hearrenfean, de Elfstedenhal yn Ljouwert en in tal swimbaden bliuwe kommende tiid ticht. Dêrneist binne de beurzen Vrouw! yn it WTC Expo yn Ljouwert en it troch de NDC Mediagroep organisearre Wonen&Co yn Grins binne ôfsein.

Direkteur Klaas Siderius fan de Elfstedenhal en direkteur Marc Winters fan Thialf

De Night to Light Run yn de omkriten fan Frjentsjer giet ek net mear troch. It evenemint stie foar takom wike sneon op de planning, op 'e jûntiid koene hurdrinners in parkoers ôflizze om de stêd hinne.

Tsjerken

De Protestantse Kerk in Nederland ropt op tsjerketsjinsten mei mear as 100 besikers ôf te sizzen.

In hiel soad ferienings, klups, organisaasjes en ynstellingen moatte har eveneminten of gearkomsten ôfsizze fanwege it coronafirus. Wa't in ôfsizzing bekend meitsje wol, kin dat dwaan by Omrop Fryslân. Mail de gegevens nei agenda@omropfryslan.nl en dan sette wy it op ús webside.

(advertinsje)
(advertinsje)