FIDEO: De wjerslach fan it coronafirus op Fryslân

12 mrt 2020 - 18:56

It coronafirus like earstoan miskien in probleem fan oare lannen en de súdlike provinsjes, mar hoe langer it duorret hoe mear dúdlik wurdt dat it firus ek in grutte wjerslach hat op Fryslân. Der komme hieltyd mear besmettingen by, yn Fryslân binne dat der al sân. Tongersdei makke it kabinet nije maatregels bekend om grutte fersprieding tsjin te gean. Ien dêrfan is dat aktiviteiten mei mear as 100 minsken better skrast wurde kinne. Dat hat ek foar ús in soad konsekwinsjes.

Trefwurden: 
RIVM besmetting coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)