Nederlân kin grutte kontenerskippen mooglik dochs kearre boppe eilannen

Der is juridysk dochs romte om grutte kontenerskippen te kearen dy't fan it westen út de súdlik farrûte boppe de Waadeilânnen opfarre wolle. Dat die woansdei bliken op in harksit yn de Twadde Keamer. De ChristenUnie komt mei in moasje om fan dy mooglikheid gebrûk te meitsjen.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Sûnt 31 oktober 2019 advisearret de Kustwacht kontenerskippen dy't langer binne as 300 meter en breder as 40 meter om foar de noardlike rûte te kiezen by stoarmwaar. It giet dan om weagen fan 5 meter of heger. Dat hat te krijen mei it barren mei de MSC Zoe. Yn totaal hawwe no 23 skippen dat advys krigen. Fjouwer dêrfan hawwe dat advys net opfolge. Wêrom is lang net altyd dúdlik, mar neffens de Kustwacht kin soks te krijen hawwe mei de wynrjochting. Mei in wyn út it súdwesten of suden leit de súdlike rûte wat yn de lijte en binne de weagen op de noardlike rûte heger.
Skippen dy't út Dútslân wei farre, krije fan Dútslân gjin advys om oare rûte te kiezen. De Dútsers wachtsje de ûndersiken ôf nei de oarsaak fan it yn see bedarjen fan de 342 konteners fan de MSC Zoe en dat bliuwt sa.

Twinge kin dochs

Mar neffens in saakkundige kin Nederlân grutte kontenerskippen dy't it advys fan de Kustwacht net opfolgje dochs twinge fierder fuort fan de Waadeilannen te farren as needmaatregel. Stieneke van der Graaf fan de ChristenUnie: "Ik ben nu van plan om in het eerstvolgende debat dat we nog deze maand gaan hebben met de minister opnieuw het voorstel te doen om een tijdelijke noodmaatregel te treffen. Nederland kan meer doen om het Wad te beschermen en Nederland moet meer doen."

Wize fan beskermjen

In oar punt dat boppe driuwen kaam, is dat sûnt it Waad tweintich jier lyn de status fan in spesjaal beskerme gebiet krigen, hat der noait wer sjoen is as der ek wat feroarje moat oan de wize wêrop't it gebiet beskerme wurdt. "Sindsdien is er enorm veel veranderd. Zo is bijvoorbeeld de containerzeevaart explosief gegroeid. Het verbaast mij wel dat er in de tussentijd nooit gekeken is of die risico's niet ongelofelijk zijn toegenomen", seit GrienLinks-Keamerlid Suzanne Kröger. Sy wol dat der sjoen wurdt nei strangere maatregels om de kust te beskermjen.
MSC Zoe © ANP
De Onderzoeksraad voor Veiligheid, de Dútsers en de Panamezen; sy binne allegearre dwaande om út te finen hoe't der no 342 konteners yn de Noardsee bedarje koene fan 1 op 2 jannewaris 2019. Yn maaie dit jier soe dy dúdlikens der wolris komme kinne, sa is sein op de harksit yn de Twadde Keamer. De Dútsers en ek Denen binne nedich om foar de lange termyn nije ôfspraken op papier te krijen oer wêr't grutte kontenerskippen wol en wêr't sy net farre meie.
Mar alles wachtet op de ûndersiken nei de oarsaak. D66-Keamerlid Rutger Schonis frege haad Paul van Gurp fan de ôfdieling Seefeart by it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat dêrnei. En dy hat offisjeus heard dat it mooglik yn maaie sa fier is.
Ferslachjouwer Remco de Vries wie by de harksit yn Den Haag