Ekstra maatregels coronafirus: mear drokte by GGD, skoallen bliuwe iepen

12 mrt 2020 - 18:20

It kabinet makke tongersdeitemiddei ekstra maatregels bekend om it coronafirus te bestriden. Dêrtroch wurdt it hieltyd drokker by de GGD. Skoallen bliuwe wol iepen, mar riede harren ta op in mooglike sluting.

Foto: Shutterstock

De maatregels fan it kabinet:

  1. Eltsenien mei noasferkâldenens, dy't hoastje moat, pinekiel en/of koarts hat, moat sosjale kontakten mije.
  2. Alle eveneminten dêr't mear as 100 minsken komme, wurde skrast. Dat giet bygelyks om sportwedstriden, konserten, mar ek om musea.
  3. Minsken wurdt frege safolle as mooglik thús te wurkjen en wurktiden te sprieden. Ek foar it wurk jildt: gjin gearkomsten mei mear as 100 minsken.
  4. Behein de besite oan kwetsbere persoanen: âlderein en minsken mei minder wjerstân. Oan kwetsbere minsken sels: mij grutte selskippen en it iepenbier ferfier.
  5. Soarchpersoniel is hurd nedich en moat pas thúsbliuwe as sy klachten én koarts hawwe. Ek wurdt oan harren frege net nei it bûtenlân te gean.
  6. Skoallen bliuwe gewoan iepen. Wol moatte hbo-ynstellingen en universiteiten safolle mooglik harkkolleezjes online oanbiede. Foar basisskoallen, middelbere skoallen en mbo's is it net nedich om ticht te gean. Op dy skoallen binne minder besmettingen, jongeren rinne in minder heech risiko en op dizze skoallen komme der minder minsken út it bûtenlân. Boppedat binne de âlden fan bern ek hurd nedich, bygelyks yn de soarch.

GGD Fryslân krijt it wer drokker troch de nije maatregels. "Dat verandert de zaak weer, ook voor Fryslân. Iedere keer als er weer nieuws bekend is, wordt de druk op onze telefoonlijnen hoger", sei Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. "Dus kijk ook vooral op de website van de RIVM, daar wordt alle actuele informatie bijgehouden. Om 11.00 en 16.00 uur updaten wij ook de website van GGD Fryslân."

Drokte

Ek by de rest fan de GGD wurdt it hieltyd drokker. "Die druk loopt wel op. We hebben een opgeschaalde GGD, dat betekent dat mensen uit andere processen worden bijgezet om te helpen in de infectieziektebestrijding."

Mooglik giet dat ta skea fan oare taken fan de GGD. "Ik heb begrepen dat we landelijk voor onze jeugdgezondheidszorg sommige dingen afgelasten. Dat zullen we zo goed mogelijk communiceren."

Skoallen bliuwe iepen

De skoallen meie foarearst wol iepen bliuwe. Anne Leijenaar, foarsitter fan Fricolore, in skoallemienskip mei 16 skoallen yn Fryslân en Flevolân, is dêr bliid mei. "Op het moment denk ik dat het goed is, we willen graag het onderwijs doorzetten en als kinderen thuiszitten wordt dat lastiger."

Wol binne de skoallen dwaande mei maatregels. "De gezondheid staat voorop. Dus als kinderen last hebben van alle klachten die in de berichtgeving genoemd zijn, moeten ze thuisblijven. Ze moeten eerst uitzieken voordat ze weer naar school komen."

Krisisteams

Fricolore riedt har wol ta op in mooglike sluting. "Op alle scholen is een crisisteam bezig om zich voor te bereiden op verdere maatregelen, en dat betekent dat we dan nadenken over leren op afstand. Kinderen hebben allemaal studiewijzers, die zijn digitaal te benaderen, en wellicht kunnen we ook lessen opnemen die de kinderen thuis kunnen bekijken. Dat zijn een aantal dingen die we aan het onderzoeken zijn."

Margreet de Graaf fan de GGD en Anne Leijenaar fan Fricolore

(advertinsje)
(advertinsje)