Needopfang asylsikers yn WTC Expo giet foarearst net troch

12 mrt 2020 - 18:12

Der wurde foarearst gjin asylsikers opfongen yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dat hat it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA) besletten. It beslút is nommen mei it each op de lanlike maatregels tsjin it coronafirus. Der soene 600 minsken opfongen wurde yn it WTC Expo.

De bou oan de needopfang wie al begûn - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It betsjut wol dat it tekoart oan opfangplakken dat der al is, nóch grutter wurdt. It COA docht dêrom in berop op gemeenten om harren noch mear yn te spannen om reguliere lokaasjes te finen.

De tariedingen foar it yn gebrûk nimmen fan de hallen geane wol troch. Mooglik kinne de hallen op in letter momint wol wer brûkt wurde. De maatregel jildt net allinne foar de Friezenhal fan it WTC, mar ek foar de Zeelandhallen yn Goes.

Folgje it nijs oer it coronafirus dizze tongersdei ek wer yn ús liveblog. En sjoch foar alle berjochten oer it firus yn ús dossier.

(advertinsje)
(advertinsje)