Dhani Hoekstra ophâlden mei hongerstaking: "Een behoorlijke opluchting"

12 mrt 2020 - 17:55

Fries om utens Dhani Hoekstra is nei 35 dagen ophâlden mei syn hongerstaking. Dêrmei woe de âld-Ljouwerter omtinken freegje foar de problemen dêr't hy en oare bewenners yn it Grinslanner ierdbevinggebiet mei te krijen hawwe. Hy wie op 6 febrewaris úteinset mei de hongerstaking.

Foto: Shutterstock

De 41-jierrige Hoekstra wie wanhopich om't de fundearring fan syn hûs yn Ten Post stadichoan sakke troch ierdbevingsskea. Hy seach gjin oare oplossing as syn hûs te ferkeapjen, mar dat soe foar him in finansjele skea opsmite fan 150.000 euro.

Noch gjin oplossing

Nei goed in moanne net ite, giet it aardich goed mei Hoekstra. "Het is een behoorlijke opluchting, dat wel. Vijf weken lang is natuurlijk best lang", fertelt er. Mar it folsleine probleem is noch net oplost. "Het is nog niet op zijn einde gekomen. De hongerstaking wel, maar beloftes moeten eerst nog nagekomen worden. Daar is het nu wachten op."

Foaral de earste wiken fan de hongerstaking hie Hoekstra it dreech. "Dan is er echt nog het hongergevoel, maar op een gegeven moment gaat dat weg en kom je in de fase dat het eten je tegen gaat staan. Lichamelijk voel je dat wel, de spieren beginnen zeer te doen. Maar het is niet heel erg tegengevallen, ik had het zwaarder verwacht."

Op spoedlist

Hoekstra hat wol berikt dat er no op in spoedlist komt. Dat betsjut dat der binnen fjouwer moanne sjoen wurde moat oft syn wenning boukundich ferstevige wurde kin en sil. "En dan wordt er uiteindelijk bepaald of hij inderdaad verstevigd wordt of gesloopt en opnieuw gebouwd. Ik verwacht het laatste."

De hongerstaking hat laat ta it opsetten fan in stichting, troch Friezen: Stichting Maatschappelijk Collectief Mijnbouw Schade. Dy stichting sil mei de NAM om tafel, foar Fryslân en Grinslân, yn it ramt fan de ierdbevingen.

Dhani Hoekstra oer syn hongerstaking

(Advertinsje)
(Advertinsje)