Gjin finale foar turner Rick Jacobs by wrâldbeker yn Bakoe

12 mrt 2020 - 16:39

Turner Rick Jacobs fan Ljouwert is der by de wrâldbekerwedstriden yn Bakoe net yn slagge de finale te heljen fan it ûnderdiel ringen. Jacobs waard achttjinde, mei in skoare fan 13.066. Epke Zonderland komt freed yn aksje op de rekstôk.

Rick Jacobs - Foto: www.orangepictures.nl

Turners kinne by de wrâldbekerwedstriden yn Bakoe punten fertsjinje foar it wrâldbekerklassemint. De winners fan it klassemint fertsjinje in ticket foar de Olympyske Spelen.

Epke Zonderland giet yn it klassemint op it ûnderdiel rekstôk oan kop.

(Advertinsje)
(Advertinsje)