Sânde coronapasjint yn Fryslân: man út Balk leit yn Antonius Sikehûs

12 mrt 2020 - 16:12

Der is wer in nije Fryske coronapasjint. It giet om in man fan yn de fjirtjich út Balk. Hy leit yn it Antonius Sikehûs yn Snits. Yn totaal binne der no sân coronapasjinten yn Fryslân.

Foto: Shutterstock

Earder op tongersdei waard al bekend dat der pasjinten yn Ljouwert, Terkaple en Snits binne.

De man út Balk hie him mei klachten oan de luchtwegen meld op de earste help. Hy leit yn isolaasje en knapt alwer op. Syn famylje bliuwt út foarsoarch yn thúsisolaasje.

It sikehûs kontrolearret de pasjint en it ynterne kontaktûndersyk is ôfrûne.

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)